Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
Jonkhear Schelte Hessel Roorda fan Eysinga, (Langwar, 11 oktober 1780 - dêre, op Osingastate 28 augustus 1829), wie de soan fan jonkhear F.J.J. fan Eysinga en fan C.T. Aebinga fan Humalda.
Hy waard 1809 baljuw fan Utingeradiel en Haskerlân. Waard as garde d'honneur troch Napoleon ûnder de wapens roppen en waard 1813 ried fan it arrondissemint Snits en maire fan Langwar. Beneamd yn de ridderskip fan Fryslân, waard yn 1819 grytman fan Doanjewerstâl, letter lid fan de Provinsjale Steaten fan Fryslân en lid fan de Twadde Keamer fan de Steaten-Generaal.
Hy ferstoar as âldfeint. Nei syn dea bleau Osingastate net mear troch famylje bewenne; it waard ferbliuw fan de notaris en de gemeente-sekretaris. Dêrnei waard de state sloopt; op de fûneminten waarden in tal arbeiderswenten boud.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.