Labrador is de noardlike regio op it fêstelân dy't tegearre mei it eilân Nijfûnlân de Kanadeeske provinsje Nijfûnlân en Labrador foarmet. It is de noardlikste en grutste regio fan Atlantysk Kanada, dat bestiet út Nijfûnlân en Labrador en de Kustprovinsjes. It noardlike diel fan Labrador hat in poalklimaat, wylst der yn it súdlike part fan it gebiet in toendraklimaat hearsket. De regio waard yn 1949 mei Nijfûnlân ûnderdiel fan Kanada; foartiid foarmen de beide gebiet in apart dominion binnen it Britske Ryk. Labrador is ferneamd nei de Portegeeske ûntdekkingsreizger João Fernandes Lavrador († ±1505), dy't yn 'e jierren 1499-1500 mei syn lânsman Pêro de Barcelos de kust fan Labrador yn kaart brocht.
Labrador Labrador | |
---|---|
flagge | wapen |
Latyn: Munus splendidum mox explebitur ("Us skoandere taak sil mei koarten folbrocht wêze") | |
lokaasje yn Kanada | |
algemien | |
ôfkoarting | LB (ferâldere) |
lân | Kanada |
status (jier) | regio fan Nijfûnlân en Labrador (1809) |
haadstêd | Happy Valley-Goose Bay |
grutste stêd | Labrador City |
offisjele taal | Ingelsk (de facto) |
sifers | |
ynwennertal | 29.178 (2014) |
befolkingstichtens | 0,2 / km² |
oerflak | 294.330 km² (ynkl. wetter) 263.990 km² (allinnich lân) |
bykommende ynformaasje | |
tiidsône | UTC -4 |
webside | (gjin offisjele webside) |
Geografy
Labrador beslacht it eastlike part fan it Labradorskiereilân, en grinzget yn it súdwesten oan 'e provinsje Kebek, dêr't it oant 1809 diel fan útmakke. De grins mei Kebek waard yn 1927 troch in Britske keninklike kommisje fêststeld, mar is noch altyd net planút erkend troch it provinsjale Kebekaanske regear. Yn it súdeasten wurdt Labrador troch de Strjitte fan Belle Isle skaat fan Nijfûnlân. Oan 'e noardeastkant leit de Labradorsee, in ûnderdiel fan 'e Atlantyske Oseaan. Yn it noardwesten wurdt Labrador begrinzge troch de Hudsonstrjitte en dielt it in hiel koarte grins mei it territoarium Nûnavût op it eilantsje Killiniq.
Demografy
Hoewol't Labrador mei in oerflak fan 294.330 km² mear as twa kear sa grut is as Nijfûnlân, hat it in ynwennertal fan mar 29.000, oftewol 9% fan 'e totale befolking fan 'e provinsje. De mearderheid fan 'e ynwenners fan Labrador bestiet út lânseigen groepen: Inûyt, Yndianen fan 'e stammen fan 'e Montanjezen (Montagnais of Innu) en de Naskapy (Naskapi), en guon Métis. Foar't yn 'e fjirtiger en fyftiger jierren de natuerlike helpboarnen (dylchstoffen, ensfh.) fan Labrador yn produksje nommen waarden, wiene de blanken der mar hiel minmachtich, en noch altiten binne der net in protte blanken dy't der wenjen bliuwe as harren wurk der dien is. De "lânseigen" blanken wurde Livyers neamd, in wurdt dat ôflaat is fan it Ingelske tiidwurd to live ("wenje"), en dus min ofte mear "bewenners" betsjut.
Selsbestjoer
Yn 2000 krigen de Inûyt fan noardlik Labrador in eigen autonoom gebiet binnen de provinsje Nijfûnlân en Labrador, dat fan Nûnatsiavût hjit. De Inûyt fan súdlik Labrador krewearje sûnt 2012 foar autonomy foar harren wengebiet, dat Nûnatûkavût (Nunatuĸavut) komme moat te hjitten. Underwilens wolle de Montanjezen en Naskapy fan hiel Labrador in apart Kanadeesk territoarium foar harrensels meitsje, yn neifolging fan Nûnavût, dat yn 1999 stifte waard foar de Inûyt fan 'e Noardwestlike Territoaria. In keninklike kommisje stelde yn 2002 fêst dat der ek ûnder de blanke befolking fan Labrador in beskate wil bestiet om Labrador fan Nijfûnlân ôf te spjalten, mei't men fynt dat de regio yn 'e provinsje oan it fuottenein leit en dêrom altyd oan it krapperein komt.
Boarnen, noaten en referinsjes
Wikiwand in your browser!
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.