Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
Kooi Stadion is de offisjele namme fan it stadion fan de Ljouwerter fuotbalklup SC Cambuur dat plak bied oan 15.000 taskôgers De "earste technyske" peal foar waard op 30 juny 2022 slein, wêrnei't in wike letter de "earste offisjele" peal folge.
Kooi Stadion | ||
stadion | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Ljouwert | |
plak | Ljouwert | |
koördinaten | 53° 12' NB 5° 46' EL | |
algemiene ynformaasje | ||
type | fuotbalstadion | |
sporten | Fuotbal | |
teams | SC Cambuur (2024–no) | |
kapasiteit | 15.000 | |
type oerflak | gers | |
bou | ||
boubegjin | 30 juny 2022 | |
arsjitekt | Widdershoven Architecten | |
eveneminten | ||
earste wedstriid | 18 augustus 2024 | |
earste punt | Dario Sits (Helmond Sport, 25ste minut) | |
webside | ||
Kooi stadion | ||
kaart | ||
De Ljouwerter fuotbalklup SC Cambuur spile sûnt har oprjochting yn 1964 yn it Cambuurstadion yn it eastlike part fan de stêd. Dit stadion hie plak foar 10.000 taskôgers.
Cambuur presintearre yn novimber 2013 foar it earst har plannen oan de gemeente Ljouwert foar de bou fan in nij stadion efter it WTC Expo. It nije stadion moast plak biede oan 15.000 taskôgers en bydrage oan de ambysje fan de klup om in stabile Earedifyzjonist te wurden. Neffens Ype Smid, doe foarsitter fan de ried fan kommissarissen, kende it plan twa pylders: duorsumens oangeande it enerzjyfraachstik en ûntwikkeling fan kommersjele romten.
It bleau inkelde jierren stil om de ûntwikkeling fan in nij stadion yn de Fryske stêd hinne, mar op 18 july 2017 makke de gemeente bekend dat de gemeenteried ynstimd hie mei de bou fan it nije stadion. It moast yn april 2022 operasjoneel klear wêze. Lykwols luts projektûntwikkeler Wyckerveste him yn novimber 2020 werom wêrtroch 't de oplevering minimaal in healjier fertraging oprûn.
Inkelde moannen letter, op 5 maart 2021, waard bekend dat it projekt in nije ûntwikkelder fûn hie en dat it ROC Friese Poort, dat in wichtige rol spilet yn de plannen, akkoart wie mei de makke ôfspraken. De klup foarseach juny 2021 as it momint om de definitive plannen foar te lizzen oan de gemeente.
De nije ûntwikkeler fan it projekt, Van Wijnen, tocht it stadion uterlik 1 septimber 2023 klear te hawwen. Dêrfoar soe de bou yn july 2022 úteinsette. Op 30 juny 2022 waard de earste " technyske " peal slein foar de bou fan it nije stadion. In wike letter waard de earste ' offisjele ' peal slein. Ein 2022 waard bekend dat de bou fan it stadion wer fertraging oprûn hie. De ferwachting waard útsprutsen dat de oplevering plak ha soe tusken desimber 2023 en de maitiid fan 2024. Yn 'e maitiid fan 2023 ferrûn de bou sa as bedoel en rûn de bou sels foar op skema. It heechste punt, útsein de fjouwer ljochtmêsten, waard op 28 juny 2023 berikt. It stadion wurdt kasko oplevere oan SC Cambuur, wêrnei't de klup ferantwurdlik is foar de ôfbou fan ûnder oare de stuoltsjes, it fjild en de klaaikeamers.
De earste wedstriid waard spile op 18 augustus 2024, tsjin Helmond Sport al wie it stadion op dat momint noch net folslein ree. Yn de 25ste minút makke Dario Sits fan Helmond Sport it earste doelpunt, de wedstriid waard úteinlik mei 0-1 ferlern.[1][2]
Op 1 febrewaris 2024 waard bekend dat SC Cambuur in tsienjierrige oerienkomst sletten hie mei Kooi Camerabewaking as nammejouwer fan it nije stadion yn Ljouwert.[3][4]
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.