From Wikipedia, the free encyclopedia
Konkurrinsje (fan it Frânske concurrence) is yn 'e ekonomy de striid tusken ferskate partijen om krappe helpmiddels en/of om in oandiel yn in beheinde merk. De 'partijen' (of konkurrinten) binne dêrby leveransiers fan gelikense of substituëarbere artikels mei deselde konsuminten. Yn sa'n sitewaasje giet de winst fan 'e iene partij almeast yn it neidiel fan de oare partijen.
Men ûnderskiedt fjouwer foarmen fan ekonomyske konkurrinsje:
De wittenskip fan 'e mikro-ekonomy hat ferskate wiskundige modellen ûntwikkele wêryn't konkurrinsje as it driuwende meganisme beskôge wurdt efter de fêststelling fan 'e priis. It bestean fan in grut tal oanbieders fan ferlykbere produkten of tsjinsten sil oer it algemien in drukkende ynfloed hawwe op 'e prizen. De ienfâldichste modellen oangeande priisfoarming geane derfan út dat de merkpriis foar in beskaat produkt him earne op in kontinuum tusken twa ekstremen befynt. Dêrby wurde dy beide ekstremen foarme troch oan 'e iene kant in merk mei perfekte konkurrinsje en oan 'e oare kant in monopolistyske merk, dêr't dus hielendal gjin konkurrinsje is.
By in sitewaasje mei perfekte konkurrinsje, ek wol folsleine konkurrinsje neamd, kin de klant frij kieze út in grut tal lykweardige leveransiers. Der is gjin sprake fan krapte op it mêd fan 'e levere produkten en der binne ek gjin kwaliteitsferskillen tusken de ûnderskate leveransiers. De merkpriis evoluëarret dan nei de marzjinale kosten fan ien ekstra ienheid. Undernimmers meitsje yn in stabile, perfekt konkurrearjende merk gjin winst om't de omset dan gelyk wurdt oan 'e makke kosten.
In protte ienfâldige húshâldlike artikels en ienfâldige kantoarnedichheden (lykas balpinnen) wurde yn in hast perfekt konkurrearjende merk ferkocht: om't der in soad leveransiers binne en amper kwaliteitsferskillen, kieze konsuminten suver altyd foar de goedkeapste leveransier. As gefolch dêrfan is it foar ûndernimmers mar kwealk mear mooglik om winst te meitsjen op 'e ferkeap fan sa'n produkt.
Yn in merk dêr't in monopoalje bestiet, is de klant twongen om it produkt fan ien beskate produsint te keapjen. Dêrtroch kin dyselde produsint foar syn produkt de priis bepale, want de klant kin nearne oars hinne om oan syn ferlet te foldwaan. Yn sa'n sitewaasje bestiet de iennichste frijheid fan 'e klant derút om te beslissen sûnder it produkt te dwaan en neat te keapjen. Yn in monopolistyske merk wurdt de priis bepaald troch de maksimalisaasje fan 'e winst fan 'e monopolist (of troch in oar doel dat de monopolist neistribbet, lykas omsetmaksimalisaasje of ôfsetmaksimalisaasje) yn ferhâlding ta de elastisiteit fan 'e fraach. Dus de produsint kin in hege priis freegje, mar as er de priis te heech makket, kinne de konsuminten it produkt net mear betelje ek al wolle se it noch sa graach hawwe, en dan nimt de effektive fraach nei it produkt ôf.
In foarbyld fan in produkt dat yn in monopolistyske merk ferkocht wurdt, is de kofje yn 'e ôfreishal fan in lofthaven. Dêr is faak mar ien oanbieder fan kofje, en dêrom sil dy syn kofje ferkeapje foar prizen dy't syn winst maksimalisearret en dêrom healwiis heech binne yn ferhâlding mei de prizen fan in gewoan kafee, mar krekt leech genôch dat in modale klant noch ree is om se te beteljen. As de kofje noch djoerder wie, soe de modale klant beslute dat er wol sûnder kofje koe, mei as gefolch dat de omset fan 'e oanbieder sterker omleech gean soe troch ferlies fan klandyzje as dat de winststiging troch de hegere priis goedmeitsje kinne soe.
Reële merken binne mar komselden perfekt konkurrinsjeel of folslein monopolistysk. Ynstee is de konkurrinsje yn 'e regel ymperfekt (of ûnfolslein) en leit de merkpriis earne tusken de monopoaljepriis en de marzjinale produksjekosten yn. Produsinten kinne har lykwols oan (in diel fan) de konkurrinsjedruk ûntlûke troch produktdifferinsjaasje. Dêrby jout in oanbieder syn eigen produkten spesifike skaaimerken op it mêd fan bygelyks kwaliteit, ûntwerp, imago, leveringsbetingsten, ensfh. It produkt ûnderskiedt him dêrmei fan 'e produkten fan 'e konkurrinten en in diel fan 'e klanten sil dêrtroch oan it eigen produkt bûn wurde en ree wêze in hegere priis te beteljen as foar de konkurrearjende produkten dy't sokke skaaimerken net hawwe.
In oligopoalje is in merksitewaasje wêrby't in beskate soarte produkten of tsjinsten oanbean wurdt troch in lyts tal leveransiers, de oligopolisten. Sokke oanbieders kinne de konkurrinsjedruk op 'e priis ferminderje troch ûnderling priisôfspraken te meitsjen en troch maatregels dy't it foar eventuële nije oanbieders dreech meitsje om in merkoandiel te feroverjen. Dat proses hjit kartelfoarming, en is oer it algemien by de wet ferbean omreden fan 'e merkfersteurende ynfloeden dy't it hat, dy't yn it neidiel fan 'e konsumint wurkje. Yn Nederlân wurdt tsjin kartelfoarming wekke troch de Nederlandse Mededingingsautoriteit (NMa). In ekstreem foarbyld fan in ûnderlinge ôfspraak is in fúzje tusken eardere konkurrinten, eat dat frjemd genôch wol wer legaal is.
Wat oars dat in normale konkurrinsjesitewaasje fersteure kin, is oerheidsyngripen, lykas de ynfiering fan subsydzjes en aksynzen.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.