Kokkola (Sweedsk: Karleby) is in gemeente en stêd yn de Finske provinsje West-Finlân en yn de Finske regio Sintraal-Österbotten. It plak hat in haven oan de Botnyske Golf

Fluch de feiten Flagge, Wapen ...
Kokkola
Thumb
FlaggeWapen
Thumb
Polityk
Lân Finlân
Regio Sintraal-Österbotten
Provinsje West-Finlân
Sifers
Ynwennertal47.224 (2014)
Oerflak2.730,81 km² (ynkl. wetter)
1.444,20 km² (allinnich lân)
Befolkingstichtens32,7 / km²
Stêdekloftn.f.t.
Oar
Stifting1620 (sjarter)
TiidsôneUTC+2
SimmertiidUTC+3
WebsideWebstee fan de gemeente
Slute
Thumb
It stedhûs fan Kokkola
Thumb
Plaknamme op it stasjon

It lânskip rûnom Kokkola is flak, typysk foar de regio Österbotten, mei tal fan rivieren en streamkes. De grutste rivier yn de kontreien is de Perhonjoki, dy't benoarden Kokkola yn de Botnyske Golf útmûnet.

Kokkola is in twatalige gemeente mei Finsk as mearderheidstaal (82%) en Sweedsk as minderheidstaal (13,9%).

Ut de skiednis

De stêd Kokkola krige yn 1620 stedsrjochten fan kening Gustaaf II Adolf fan Sweden; Finlân wie doe part fan it Sweedske ryk. Kokkola heart sadwaande ta de âldste stêden fan it lân. De kening besleat ek dat it stedswapen it ôfbyld fan in baarnende tarretonne hawwe moast, meidat de wichtige tarrehannel de reden west hie dat it havenplak stichte waard. Anders Chydenius (1729- Kokkola, 1803), in foaroansteand politikus fan Sweden-Finlân, wie grut foarstanner fan ekonomyske frijheid en krewearre yn it Sweedske parlemint foar frije útlânske hannel en fierder foar sosjale herfoarmings. Yn 1765 joech it Sweedske parlemint Kokkola it steapelrjocht. Kokkola waard ek in sintrum fan belang foar de skipsbou yn Finlân. De tarrehannel en de skipsbou makken fan Kokkola in skoft ien fan de woltierichste en rykste stêden fan Finlân.

Oant 1933 hie de stêd in Sweedskpratende mearderheid.

Yn 1977 waard de buorgemeente Kaarlela (Karleby) oan Kokkola taheakke en yn 2009 kamen de gemeentes Lohtaja, Kälviä en Ullava by Kokkola.

Stedsbyld

Berne yn Kokkola

  • Marjaleena Lembcke (1945) - Finsk-Dútsk skriuwster
  • Mikko Einar Juva (1918–2004), skiedkundige, teolooch en politikus

Keppeling om utens

Wikiwand in your browser!

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.

Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.