From Wikipedia, the free encyclopedia
Klaas van der Geest, (Skiermûntseach, 27 novimber 1903 - Swol, 10 oktober 1964) wie in Nederlânsk seeman en skriuwer fan maatskippijkrityske streekromans en berneboeken.
Klaas van der Geest | ||
skriuwer | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
berne | 27 novimber 1903 | |
berteplak | Skiermûntseach (plak) | |
stoarn | 10 oktober 1964 | |
stjerplak | Swol | |
etnisiteit | Nederlânsk | |
wurk | ||
taal | Nederlânsk | |
sjenre | streekroman, jeugdliteratuer | |
útjouwer | Van Dishoeck; A. Roelofs van Goor, Meppel; G.F. Callenbach, Nijkerk; H. ten Brink, Meppel; Van Gorcum, Assen | |
prizen | D.A. Thiemepriis | |
jierren aktyf | 1931 - 1964 | |
offisjele webside | ||
gjin |
Van der Geest folge de Hegere Seefeartskoalle, makke de oplieding dien yn Amsterdam en gie oan 't wurk as stjoerman op de grutte feart en befear alle wrâldseeën. Op see skreau er al yn syn frije tiid, mar troch de krisis fan de jierren 30 rekke er út it wurk wei en koe er him oan 'e wâl folslein oan de skriuwerij wijde. Hy hie syn skriuwersdebút yn 1937 mei de roman Eiland in de branding. Hy skreau de roman Gezegend is het land op syn wenboat yn it Oranjekanaal by Schoonoord. It krityske boek feroarsake in soad ûnrêst ûnder de pleatslike befolking. Dêrom moast er ferhúzje en fûn er yn Frederiksoard in nij lizzersplak. Yn 1950 krige er de D.A. Thiemepriis foar dat boek.
Van der Geest hat twa kear troud west. Ut syn earste houlik mei Bernarda Antonetta Schut, binne twa bern berne. Nei syn skieding yn 1940 troude er koart dêrnei yn Haren (Gr) mei Aaltje Natadeel. Yn de oarloch wenne it pear yn de stêd Grins en waard yn de perioade 1942 -1943 in ôfstammingsûndersyk nei Aaltje útfierd. [1]
Van der Geest en syn earste frou B.A. Schut wiene yn oanrin nei de Twadde Wrâldoarloch aktyf yn de Kommunistyske partij. Syn frou wie yn 1934 ponghâlder fan de lokale ôfdieling fan de C.P.N. yn De Helder. Van der Geest waard yn in rapport fan de Sintrale Ynljochtinge tsjinst 1919-1940 (CID) yn 1939 omskreaun as in fûleindige kommunist, dy't besocht om op Kurasao in kommunistyske sel op te rjochtsjen. [2]
Yn 1951 makke Van der Geest diel út fan in kulturele delegaasje dy't troch Moskou útnûge wie. Yn it Vrije Volk skreau er syn ûnderfinings op, dêr't er dúdlik yn makke dat er him bewust wurden wie troch Moskou brûkt te wêzen foar propaganda. Dat waard him kwea-ôf nommen en hy waard yn it deiblêd De Waarheid yn in rige artikels as ferrieder fan it Kommunisme ôfskildere.[3] [4]
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.