From Wikipedia, the free encyclopedia
Tenzing Norgay (faaks kleaster Ghang La (Tibet), 15 maaie 1914 - Darjeeling (Yndia), 9 maaie 1986) wie in Nepaleeske Sjerpa, dy't tegearre mei Edmund Hillary as earste de top fan de heechste berch yn de wrâld, de Mount Everest, berikte.
It is net witten wa't as earste op de top stie, Norgay en Hillary hienen ôfsprutsen dat net te sizzen. Omdat beide stoarn binne, sil it ek nea bekend wurde.
1953 wie foar Norgay in wichtich jier. Op 29 maaie 1953 berikten Hillary en Tenzing as earste minsken it heechste punt op ierde, de Mount Everest (8848m).
Tenzing Norgay wie drager fan in hege Britske ûnderskieding foar dapperens; de George Medalje.
Yn 1996 trêde syn soan Jamling Tenzing yn syn heite fuotleasten. By de klim, dy't ek wol de "1996 Everest disaster" neamd wurdt omdat der acht klimmers út in oar team omkamen, helle er mei twa oare klimmers de top fan de Mount Everest.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.