From Wikipedia, the free encyclopedia
Klaas Koelstra (Balk, 3 maart 1914 - Snits, 14 july 1944) wie in fersetsstrider yn de Twadde Wrâldoarloch.
Koelstra waard berne yn 1914 in Balk as soan fan Hendrik Koelstra en fan Geeltje van Hout.[1] Hy wie yn de oarloch lid fan de Lanlike Organisaasje foar Help oan Underdûkers (L.O.) en wurke dêrneist as gemeenteamtner. Hy wenne oan de Troelstrakaai yn Snits. Yn de nacht fan 13 en 14 july 1944 waard hy troch fyftjin manlju út syn hûs helle en nei de Ljouwerterdyk brocht. Syn frou hie de doar iepen dien foar de Dútsers en hearde koart dêrnei in - wat hja neamde - 'satanyske laits'.[2]
Koelstra waard om kertier foar trijen moarns[1] op de Ljouwerterdyk op itselde plak eksekutearre troch in groep NSKK'ers, ûnder lieding fan Jan Ale Visser. Syn dea wie in repressaljemaatregel yn Snits foar de dea fan Gaele van der Kooij. Dy nacht gie de skiednisboeken yn as Snitser Bloednacht.
Klaas Koelstra leit begroeven op it Algemiene Begraafplak fan Snits. Yn de stêd binne ferskate monuminten dy't him betinke, wêrûnder it Oarlochsmonumint en it betinkingspaniel yn de Grutte of Martinytsjerke. Syn namme stiet ek op de Earelist fan Fallenen.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.