De Lanlike Organisaasje foar Help oan Underdûkers (LO) wie in Nederlânske fersetsbeweging dy't bestie fan mids 1942 oant maaie 1945 yn de Twadde Wrâldkriich.
De skiednis fan de LO begûn doe't de grifformearde dûmny Frits Slomp út Heemse yn july 1942 ûnderdûke moast út reden fan syn anty-nasjonaalsosjalistyske hâlding. Nei in skoftke fan omdoarmjen kaam er hjerstmis 1942 yn de kunde mei Helena Kuipers-Rietberg út Winterswyk. Tegearre betochten sy hoe't de útfiering fan Dútske maatregels tsjin beskate befolkingsgroepen behindere wurde koe. Joaden waarden oppakt, byinoar dreaun en fuortfierd, in protte jongerein moast tsjin it sin yn de Dútske oarlochsyndustry oant wurk en mear fan soks. Fan jannewaris 1942 ôf gou foar alle Nederlânske manlju fan 18 oant 23 jier de ferplichting in healjier mei te dwaan oan de Nederlânske Arbeidstsjinst.
Frou Kuipers en dûmny Slomp besleaten harren yn te setten foar dejingen dy't gjin ûnderdûkadres fine koene. Se sochten gasthúshâldings om (potinsjele) ûnderdûkers yn 'e gelegenheid te stellen te ferdwinen.
Sûnt febrewaris 1943 wie it in lanlike organisaasje wurden mei ferskillende tûken. Pleatslike groepen foelen ûnder rayons, dy't wer ûnder distrikten per provinsje, dy't wer fertsjintwurdiger yn it lanlik bestjoer hienen.
It LO waard jildlik stipe fia it Nasjonaal Steun Fûns.
Wikiwand in your browser!
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.