Junkers Flugzeug- und Motorenwerke AG wie in Dútske fabrikant fan fleantugen en fleantúchmotors.
Junkers Flugzeug- und Motorenwerke AG | ||
algemien | ||
nasjonaliteit | Dútslân | |
type | Privaatmaatskippij | |
sektor | Loftfeart | |
haadkertier | Dessau | |
oprjochte | 1895 | |
opdoekt | 1969 | |
oprjochter | Hugo Junkers | |
sifers | ||
wurknimmers | 40.000 | |
offisjele webside | ||
Offisjeel webstee |
It bedriuw waard yn 1895 troch Hugo Junkers yn Dessau stichte as fabryk foar ferwaarmingstsjettels en radiators. Yn de Earste Wrâldoarloch waard begûn mei de produksje fan fleantugen. Junkers makke yn 1915 it earste fleantúch dat hieledal fan metaal makke wie, de J1, in licht jachtfleantúch fan aluminium. Nei de Earste Wrâldoarloch boude Junkers de F13, it earste spesjaal foar passazjiersferfier ornearre fleantúch dat yn produksje gie. Yn 1933 waard Hugo Junkers troch de nazi's twong om syn bedriuw oer te jaan, dat dêrnei ien fan de wichtichste produsinten foar de nij Luftwaffe waard. (Hermann Göring hie nei de Earste Wrâldoarloch sollisitearre op de funksje fan testpiloat by Junkers, mar waard net oannaam.)
Ferneamde ûntwerpen fan Junkers wiene ûnder oaren it Ju-52/3m transport- en passazjierstastel, de Ju-87 Stuka dûkbommesmiter en de Ju 88 (jacht)bommesmiter.
Nei de fúzje mei Messerschmitt-Bölkow-Blohm (1968-1989) is Junkers no part fan de Airbus Group.
Fleanmasines fan Junkers
- Junkers F.13
- Ju 52/3m
- Ju 86
- Ju 87
- Ju 88
- Ju 89
- Ju 188
- Ju 248
- Ju 252
- Ju 187 - 287
- Ju 290
- Ju 352
- Ju 388
- Ju 390
Projekten oant 1945
|
|
Junkers (Jumo) fleanmasinemotors
|
|
Keppeling om utens
- (dú) Offisjeel webstee makke troch Bernd Junkers, Hugo Junkers syn pakesizzer
- (dú) Junkers Museum yn Dessau
- (in) Hugo Junkers
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Junkers fan Wikimedia Commons. |
Wikiwand in your browser!
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.