Junkers Ju 188
From Wikipedia, the free encyclopedia
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Junkers Ju 188 Rächer ('Wreker') wie in middelswiere Dútske bommewerper boud yn de Twadde Wrâldoarloch, de plande opfolger fan de Junkers Ju 88 mei bettere prestaasjes en gruttere lading. It tastel waard mar yn beheinde oantallen produsearre, sawol troch de oanwêzigens fan ferbettere ferzjes fan de Ju 88, as troch de hieltyd effektivere alliearde strategyske bombardeminten op de Dútske yndustry en de dêrút folgjende fokus op de produksje fan gefjochtsfleantugen.
Junkers Ju 188 | |
---|---|
Rol | Taktysk bommesmiter, ferkenner |
Makker | Junkers |
Untwerper | |
Earste flecht | 1941 |
Yn tsjinst | 1943 |
Ut tsjinst | 1951 Frankryk |
Tal makke | 1.234 (1943-1945) |
Brûkers | Nazy-Dútslân
Frankryk en Feriene Keninkryk (nei de oarloch) |
Fariant | Junkers Ju 388 |
De Ju 188 koe brûkt wurde as bommesmiter (A, E, G, K), torpedobommesmiter (A, E), jager op grutte hichten (T), langeôfstânsjager (S), ferkenningsfleantúch (D, F, H, L), swiere jager (J) of ferbiningsfleantúch (U).
Uteinlik ûntfongen allinnich Kampfschwader 2, 6 en 26 grutte oantallen Ju 188s. Gruppe van Kampfgeschwader 2 die mei oan Operaasje Steinbock op Súd-Ingelân, fan jannewaris oant maaie 1944, mei 35 Ju 188Es en de I. Gruppe van Kampfgeschwader 6 mei 41 Ju 188As.
Parameter | Gegevens Ju 188 A-2 (1943) |
---|---|
Funksje | Bommesmiter |
Bemanning | 4 |
Lingte | 14,95 m |
Spanwiidte | 22,02 m |
Hichte | 4,45 m |
Fleugeloerflak | 56 m² |
maks. startgewicht | 15.000 kg |
Heechste faasje | 525 km/o |
Tsjinstplafond | 10.000 m |
Fleanberik | 2200 km (mei heale bomlading) |
Oandriuwing | twa V-12-motors Junkers Jumo 213 fan 1750 hk |
Bewapening |
|
![]() | Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Junkers Ju 188 fan Wikimedia Commons. |
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.