From Wikipedia, the free encyclopedia
De Junkers Ju-52/3m is in ferkears- en transportfleanmasine boud troch de Dútske firma Junkers fan 1932 oant 1945. It tastel is ek bekend as Tante Ju ('muoike Ju'). As ferkears- en frachtfleantúch hat it yn grif 12 lannen tsjinne, bygelyks by Swissair en Lufthansa. De Ju 52 hat oant yn 80er jierren by guon loftfeartmaatskippijen brûkt west.
It tastel dat distiid Junkers Ju-52 neamd wurdt is de trijemotoarige Junkers Ju 52/3m, dy't út de ienmotoarige Ju-52/1m ûntstien is. Lykas eardere tastellen fan Junkers hat de Junkers Ju-52/3m in metalen frame dat beklaaid is mei golfplaat.
It tastel waard fanwege de Reichswehr, dy't doetiids yn it geheim wurke oan de opbou fan in Dútske loftmacht, ûntwurpen as in ferkearsfleanmasine dy't maklik omboud wurde koe ta bommesmiter. De earste flecht wie yn maart 1932.
Yn de oarspronklike funksje fan passazjiers- en transporttastel tsjinne it type by ferskate loftfeartmaatskippijen yn binnen- en bûtenlân. It tastel stie bekend as betrouber en noflik foar passazjiers (stabyl, kabineferwaarming, soerstoffoarsjennings), mar krige rillegau konkurrinsje fan ekonomysk effisjintere Douglas DC-2 en DC-3.
Yn de Spaanske boargerkriich waard it type foar it earst ek militêr brûkt, ûnder oaren by it Bombardemint op Guernica. Yn de Twadde Wrâldkriich wie de Ju 52/3m it standert transporttastel fan de Luftwaffe. It waard op grutte skaal ynset by ferskillende loftlâningsoperaasjes oan it begjin fan de oarloch, ek yn maaie 1940 boppe Nederlân.
De Ju 52/3m waard teffens yn Spanje (as de CASA352) en Frankryk (nei de kriich ûnder de namme Amiot AAC-1 Toucan) makke.
Feiten | |
---|---|
Fleugelspanwiidte: | 29,25 m |
Lingte: | 18,50 m, mei driuwers 19,40 m |
Hichte: | 4,65 m, mei tsjillen 6,10 m |
Fleugeloerflak: | 110,50 m² |
Startfaasje: | 120 km/o |
Topfaasje: | 290 km/o |
Krúsfaasje: | 180 km/o |
Lâningsfaasje: | 106 km/o |
Lading: | 1500 kg |
Fleanberik: | 1200–1300 km |
Motor: | BMW 132 (ferskate farianten), Pratt & Whitney „Hornet"; Elizalde Beta (Spaanske ferzje fan Wright Cyclone) |
Fermogen: | 3 × 660 hk (1456 kW) oant 3 × 750 hk |
Tsjinstplafond: | 6300 m |
Bemanning: | 3 + 15–17 passazjiers |
Bewapening: | ien MG 131 Kal. 13 mm boppe op de romp, twa 7,9-mm-MG oan wjerskanten de romp |
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.