Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Joadske mienskip fan Snits wie de mienskip fan Joaden dy't foarhinne yn 'e Fryske stêd Snits wennen.
Yn 'e njoggentjinde iuw bestie der yn Snits in warbere Joadske mienskip, dy't út likernôch 135 persoanen bestie. Der wie in eigen joadske synagoge, de synagoge fan Snits, en in eigen begraafplak, it Alde Joadske Begraafplak yn 'e wyk Ljouwerterdyk. Fan 1897 ôf waard der ek begroeven op it Nije Joadske Begraafplak, dat diel útmakke fan it Algemiene Begraafplak. Oan it begjin fan 'e tweintichste iuw teach in diel fan 'e Joaden út Snits wei, foar it meastepart nei de grutte stêden yn 'e Rânestêd.
Yn 'e 1930-er jierren folge wer in beskieden oanwaaks fan 'e mienskip trochdat guon Joadske flechtlingen út Dútslân en Poalen har doe yn Snits nei wenjen setten. Yn 'e Twadde Wrâldoarloch wiene der ûnder de Dútske besetting fan Nederlân yn Snits 55 Joaden dy't oanmurken waarden foar deportaasje nei de ferneatigingskampen. Ynsafier bekend waarden 22 fan harren ek wurklik wier ôffierd nei de kampen, en fan dy groep oerlibbe mar ien persoan de oarloch. Mar mear as de helte fan 'e Snitser Joaden oerlibbe de oarloch troch ûnder te dûken of te flechtsjen.
Yn ferhâlding ta de sifers dy't jilde foar Nederlân as gehiel is dat in heech persintaazje, want fan alle Nederlânske Joaden oerlibbe mar in fjirdepart de oarloch. De Doperske Sosiëteit yn Snits spile in wichtige rol by it ûnderbringen fan benammen Joadske bern op ûnderdûkadressen. De húshâlding fan dûmny Willem Mesdag allinnich al wie yn dat ramt belutsen by it pleatsen santich bern, fan wa't de measten út Amsterdam wei mei de boat nei Snits ta smokkele waarden. Nei de ôfrin fan 'e oarloch ferfearen alle oerlibjende Snitser Joaden nei Hollân of emigrearren nei Israel. Sa kaam der in ein oan 'e Joadske mienskip fan Snits.
De leden fan 'e Joadske mienskip fan Snits dy't omkamen yn 'e Holokaust, wiene:
adres | namme | berte | ferstjerren | âldens | berop | opmerkings |
---|---|---|---|---|---|---|
Grutte Tsjerkstrjitte 14 | Samuel Zwart | Rotterdam, 21 july 1924 | Auschwitz, 28 febrewaris 1943 | 18 jier | winkelbetsjinde | |
Heechein 1 | Roosje Pino | Snits, 16 april 1884 | Sobibor, 16 april 1943 | 59 jier | bakker | âldere suster fan Lina Pino |
Lina Pino | Snits, 20 april 1890 | Sobibor, 23 april 1943 | 53 jier | bakker | jongere suster fan Roosje Pino | |
Koarte Feemerkstrjitte 6 | Jakob Pino | Snits, 23 jannewaris 1900 | Auschwitz, 30 jannewaris 1943 | 43 jier | kafeehâlder | man fan Erna Pino-Adler |
Erna Pino-Adler | Hintersteinau (Dútslân), 18 febrewaris 1905 | Auschwitz, 22 oktober 1942 | 37 jier | húsfrou | frou fan Jakob Pino | |
Mechgelien Pino | Snits, 12 juny 1931 | Auschwitz, 22 oktober 1942 | 11 jier | n.f.t. | dochter fan Jakob en Erna Pino | |
Krusebruorrestrjitte 47 | Eduard Pino | Snits, 24 juny 1890 | Sobibor, 13 maart 1943 | 52 jier | ûnbekend | man fan Berta Pino-Sichel |
Berta Pino-Sichel | Fulda (Dútslân), 19 desimber 1893 | Sobibor, 13 maart 1943 | 49 jier | húsfrou | frou fan Eduard Pino | |
Margot Pino | Fulda (Dútslân), 19 septimber 1920 | Auschwitz, 3 septimber 1943 | 22 jier | hierknipster | dochter fan Eduard en Berta Pino; naam yn Amsterdam diel oan it ferset | |
Ljouwerterkade 21 | Emma Martina Turksma- Van der Hove |
Wynskoat, 21 augustus 1889 | Auschwitz, 23 novimber 1942 | 53 jier | húsfrou | |
Looxmagrêft 8 | Levie Nathan Velleman | Snits, 4 maart 1862 | Auschwitz, 19 novimber 1942 | 80 jier | keapman | |
Beeltje Ekstein-Godschalk | Roan, 22 desimber 1867 | Auschwitz, 19 novimber 1942 | 65 jier | húshâldster | ||
Parallelwei 21 | Max Kuyt | Snits, 17 augustus 1895 | Auschwitz, 30 septimber 1942 | 47 jier | keapman | |
Ella Lebenstein | Epe (Dútslân), 28 maart 1907 | Auschwitz, 23 novimber 1942 | 35 jier | húshâldster | ||
Prinsesse Julianapark 17 | Lion van Gelder | Harns, 18 maart 1889 | Auschwitz, 19 novimber 1942 | 53 jier | merkkeapman | man fan Carolina van Gelder-Bilderbeek |
Carolina van Gelder-Bilderbeek | Swol, 6 july 1890 | Auschwitz, 19 novimber 1942 | 52 jier | húsfrou | frou fan Lion van Gelder | |
Moritz Rothschild | Dörzlach (Dútslân), 3 april 1883 | Auschwitz, 23 novimber 1942 | 59 jier | ûnbekend | man fan Berta Rothschild-Golomb | |
Berta Rothschild-Golomb | Tarnow (Poalen), 13 oktober 1891 | Auschwitz, 23 novimber 1942 | 51 jier | húsfrou | frou fan Moritz Rothschild | |
Súpmerk 15 | Rozet IJzerman | Amsterdam, 26 septimber 1926 | Midden-Jeropa, 30 juny 1944 | 17 jier | n.f.t. | ûnderdûkt by de fam. Lever |
Twadde Easterkade 9 | Philip Rodrigues | Amsterdam, 14 maaie 1902 | Auschwitz, 10 novimber 1942 | 40 jier | fertsjintwurdiger | |
Waling Dykstrastrjitte 53 | Esther van der Vliet-Gudema | Alde Pekela, 14 april 1901 | Auschwitz, 23 novimber 1942 | 41 jier | húsfrou |
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.