From Wikipedia, the free encyclopedia
De Japanske sliepmûs (Latynske namme: Glirulus japonicus) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e sliepmûzen (Gliridae) en it monotypyske (út ien soarte besteande) skaai fan 'e Japanske sliepmûzen (Glirulus). Dizze soarte komt inkeld foar yn Japan, dêr't er yn wâlden mei in tuskenbeiden klimaat libbet.
Japanske sliepmûs | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Glirulus japonicus | ||||||||||||
Schinz, 1845 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
Yn it Japansk hjit dit bist de yamane (ヤマネ of 山鼠). De Japanske sliepmûs hat in ljochtgrize pels mei in opfallende brede dûnkergrize streek, dy't yn 'e lingterjochting oer de wringe rint. Japanske sliepmûzen ûnderskiede har fan oare sliepmûzen troch har fermogen om mei grutte faasje ûnderstboppest oan 'e ûnderkant fan tûken te draven. Hja binne omnivoaren, dy't meast ynsekten, beien en blommenektar frette.
De Japanske sliepmûs hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.