Jan de Haan
hjoeddeiske komponist, muzykútjouwer, dirigint en musikus From Wikipedia, the free encyclopedia
hjoeddeiske komponist, muzykútjouwer, dirigint en musikus From Wikipedia, the free encyclopedia
Jan de Haan (Warns, 29 july 1951) is in hjoeddeiske komponist, muzykútjouwer, dirigint en musikus.
Hy spile yn it Nasjonaal Jeugd Fanfareorkest en yn de bekende brassband Pro-Rege út It Hearrenfean fan 1961 oant en mei 1968 tromboane. Syn stúdzjes die hy oan de Muzyk-Pedagogyske Akademy yn Ljouwert yn it fak tromboane fan 1969 o/m 1973. Oanslutend (1974-1976) studearre hy oan it konservatoarium yn Utert by Henk van Lijnschooten HaFa-direksje. Fan 1969 oant 1977 fersoarge hy de koperblazers oplieding oan de muzykskoalle fan it It Hearrenfean.
Dêrnei wurke hy as freelance musikus, dirigint en komponist. Mei de brassband Soli Deo Gloria út Ljouwert krige er nasjonale en ynternasjonale ûnderskiedingen. Hy folge yn jannewaris 1974 Sjoerd Nieuwland op as dirigint fan Soli Deo Gloria. As gastdirigint fan it Radio-Blazersensemble, it NCRV-blazersensemble, NCRV-koperensemble en it Frysk Orkest waard er rûnom frege.
By de NCRV-Radio en telefyzje makke er sûnt 1976 ferskate programma's, as U zij de Glorie, Op zoek naar muziek en de 13-dielige searje De geschiedenis van de brassband. By de Nederlandse Federatie van Christelijke Muziekbonden (NFCM) wie er muzykadviseur en sjuerylid by de hafabra-konserten.
Hy wie dosint direksje oan de Muzyk-Pedagogyske Akademy fan Ljouwert en is eigener fan de ynternasjonaal renommearre muzykútjouwerij "De Haske".
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.