Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
Jan Tjittes Piebenga (Frjentsjer, 4 april 1910 - Ljouwert, 3 desimber 1965) wie in ûnderwizer en sjoernalist.
Piebenga wie in soan fan bakker Tjitte Piebenga, en stamt út in húshâlding fan 12 bern. Fan jongsôf hie er in soad niget oan lêzen. Nei de MULO kaam er op kantoar, mar yn 1929 helle er syn ûnderwizersakte.
Hy wie in skoftke ûnderwizer yn Nijemardum en haad fan de Legere Skoalle yn Aldegea SWF. Yn 1940 hat er efkes foaroanman fan de Fryske ôfdieling fan de Nederlandsche Unie (dy't fral oprjochte wie om de NSB de wyn út de seilen te nimmen) west, letter die er alderhanne fersetswurk en waard er redakteur fan it yllegale blêd ‘De Wachter’. Hy wie sûnt 1943 redakteur fan de Leeuwarder Koerier en nei de oarloch haadredakteur fan de Ljouwerter Krante.
Piebenga wie in tige warber frisiast, dy't lykwols ek graach oer de grinzen sjen mocht. Hy reizge nei Noarwegen, Yslân, en de Faeröer, mar ek nei de Feriene Steaten, Suriname en de Nederlânske Antillen, Noard-Afrika en Turkije. Fierders fielde er in soad foar Israel. Skreau in grut tal artikelen, fersen, ferhalen en wurken foar it ûnderwiis. Wie redakteur fan It Heitelân (1938-1942, 1946-1947) en De Tsjerne (1946). Fersoarge útjeften fan frijwat ûnbekende skriuwers lykas Teatse Holtrop en Sjoerd Meines.
Hy wie in freon fan de skilder Jacob Ydema, dy't him ôfbylde en betocht yn in gedicht. Aldegea SWF, Ljouwert en Frjentsjer is in strjitte nei him neamd.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.