Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
Jacob de Haan (It Hearrenfean, 28 maart 1959) is in komponist en musikus. Hy publisearret ek wurken ûnder de pseudonimen Dizzy Stratford en Tony Jabovsky.
As soan fan in muzykynstrumintenmakker en amateurtrombonist krige hy al jong pianoles by Martin Kuipers en kornetles by Jan Holtrop oan de muzykskoalle yn It Hearrenfean. Ek spile hy al betiid kornet en bûgel yn de brassband Pro Rege út It Hearrenfean. Doe 't hy fjirtjin jier wie by begûn hy te komponearjen. Op syn 16e waard hy organist yn de Nederlânsk herfoarme tsjerke yn ands herfoarme tsjerke op It Hearrenfean en makke kennis mei de Nederlânske en ynternasjonale oargelliteratuer en oargelkultuer. Dizze organistyske ynfloed is yn syn komposysjes te hearren.
Hy studearre skoalmuzyk by Hiepko H. Boer en HaFa-direksje by Henk van Loo en letter ek it haadfak oargel by Piet Post en Jan Jongepier oan it steedlik konservatoarium yn Ljouwert. Dêrnei wurke er yn it muzykûnderwiis oan ferskillende muzykskoallen yn Nederlân. Hy wennet yn Rotterdam en wurket benammen as komponist en arranzjeur. Ek as dirigint en dosint op workshops en gastkolleezjes yn binnen- en bûtenlân wurdt hy faak frege.
Jacob de Haan krige benammen bekendheid troch syn wurken binnen de symfoanyske blaasmuzyk en de koarmuzyk. Syn muzyk wurdt útjûn troch útjouwer De Haske Publications (It Hearrenfean en sûnt 2008 Hal Leonard Corporation (Milwaukee). Dêrby is net allinnich sprake fan eigen komposysjes mar ek fan arranzjeinten.
Yn 2003 krige hy in priis foar syn heule oeuvre út hannen fan Omrop Fryslân.[1] Yn 2018 krige De Haan de Classical Buma Award by de jierliks holden Buma Awards yn Amsterdam.[2]
Syn komposysjes, dy 't meast yn opdracht ûntsteane, wurde oer de heule wrâld útfierd.[3] In diel fan syn oeuvre bestiet út wurken, dy 't in filmmuzykeftige kombinaasje fan stilen hearre lit. Foar koar skreuw hy in fjouwertal missen, Missa Katharina foar mingd koar, sopraan en symfanysk blaasorkest levere hinm in priis op yn in komposysjewedstryd. It late taútfierings yn ferskate tsjerken wêrûnder de Sint-Pietersbasilyk yn Rome en de Dom yn Keulen.
Teffens komponearret De Haan foar sjongsolisten yn kombinaasje mei symfoanysk blaasorkest. Foar mezzosopraan, bariton, ferteller en symfoanysk blaasorkest komponearre hy syn Markus-Passion. Oare foarbylden binne de toansettings op gedichten fan ûnder oaren Hermann Hesse.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.