From Wikipedia, the free encyclopedia
Israeliërs, Israeeljers of Israelys (Hebriuwsk: יִשְׂרְאֵלִים, sekuere transliteraasje: Yīśreʾēlīm; Arabysk: إسرائيليين, sekuere transliteraasje: Isrāʾīliyyīn) binne de boargers en nasjonalen fan de steat Israel. De befolking fan it lân bestiet foar it meastepart út Joaden en Arabieren, dy't repektivelik 75% en en 20% fan de befolking útmeitsje. Oare etnyske en religieuze minderheden meitsje krapoan 5% fan de befolking út.
De Israelyske kultuer waard ynearsten foarme troch mienskippen fan de Joadske diaspora út Jeropa, westlik Aazje en Noard-Afrika dy't yn de njoggentjinde en tweintichste iuw harren yn Palestina nei wenjen setten. Letter wiene der Joadske migraasjes út Etioopje, de lannen fan de eardere Sovjet-Uny en Amearika dy't nije kulturele eleminten oan de Israelyske maatskippij yntrodusearren.
Sûnt de ûnôfhinklikens fan Israel yn 1948 krige de Arabyske befolking dy't binnen de grinzen fan Israel, de Griene Line, bleaune, ek rjocht op it Israelysk steatsboargerskip. Fierders binne der in tal fan Druzen en Bedûïnen, benammen yn de Negev en Galileä, dy't ta de Israeliërs hearre. Ek de Arabyske ynwenners fan de Golanhichte en East-Jeruzalim, dy't nei de Seisdagekriich yn 1967 troch Israel oermastere en letter ynlive waarden krigen it rjocht op Israelysk steatsboargerskip, dochs in soad fan harren wegeren omreden hja de anneksaasje net erkenne. Dyjingen binne lykwols wol permaninte bewenners.
Sûnt de ûnôfhinklikens hawwe de Israeliêrs en minsken fan Israelysk komôf in grutte diaspora, dy't njonken Joaden ek út de oare mienskippen bestiet. It is rûsd dat 10% fan de Israelyske befolking om utens wennet, benammen yn Ruslân, dêr't yn Moskou de grutste Israelyske mienskip om utens wennet, Yndia, Kanada, de Feriene Steaten en Jeropa.
Nisgjirrich is dat der yn Israel ûnderskied makke wurdt tusken "boargerskip" en "nasjonaliteit". It boargerskip fan boargers yn Israelysk wurdt as "Israelysk" registrearre. Nasjonaliteit fan de boargers wurde as "Joadsk", "Arabysk" en "Druusk" registrearre. De Israelyske nasjonaliteit bestiet dus net. Alle Israelyske boargers hawwe rjocht op in Israelysk paspoart.
Israel hie yn 2013 in befolking fan 8 miljoen minsken, dêr't it Israelysk Buro foar de Statistyk 75,3% as Joaden, 20,7% as Arabieren en 4% as oaren registrearre. Ek wurde de bewenners fan de Israelyske delsettings yn de besette Palestynske kriten dêrby rekkene. 280.000 Israelyske kolonisten wenje yn it troch Israel besette Westjordaanlân, 190.000 yn East-Jeruzalim en 20.000 yn de Golanhichte.
Fan de Joaden binne der 70,3% berne yn Israel (sabra's), almeast fan de twadde of tredde generaasje fan de famylje dy't nei Israel ta ferfearen. De rest binne Joadske ymmigranten.
De twa offisjele talen yn Israel binne it Hebriuwsk en it Arabysk. Hebriuwsk is de foarkarstaal fan de oerheid en wurdt sprutsen troch de mearderheid fan de befolking. It Arabysk wurdt sprutsen troch de Arabyske minderheid en guon leden fan de mienskip fan de Mizrahyske joaden. Ingelsk wurdt op skoalle leard en wurdt troch de mearderheid fan de befolking sprutsen as in twadde taal. Oare talen dy't yn Israel sprutsen wurde binne Russysk, Jiddysk, Spaansk, Ladino, Amhaarsk, Roemeensk en Frânsk.
Yn de lêste desenniums binne der tusken 650.000 en 1.300.000 Israeliêrs emigrearre. Sok fenomeen wurdt yn Hebriuwsk oantsjut as jerida (ôfkomst), ta tsjinstelling fan alijah (oankomst). Emigranten hawwe ferskate redens fuort te gean, mar oer it algemien is it in kombinaasje fan ekonomyske en politike redens.
Fan de Israelyske Joaden komme de measten fan de Asjkenazyske joaden, Mizrahyske joaden, Sefardyske joaden, Etiopyske joaden en oare Joadske groepen. Troch de histoaryske grutte Myrahyske befolking en mingen mei oare groepen, bestiet mear as 50% fan de Israelyske Joaden út, of op syn minst foar in part, Joaden fan Mizrahysk komôf.
De Arabyske mienskip is foar it grutste part moslim, dy't hast alhiel út sûnniten bestiet, en in grutte kristlike minderheid. Hy bestiet út de folgjende groepen:
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.