From Wikipedia, the free encyclopedia
Ingelheim am Rhein is in große kreisangehörige Stadt yn 'e lânkring Mainz-Bingen yn 'e Dútske dielsteat Rynlân-Palts en sûnt 1996 it haadplak fan dy lânkring.
Ingelheim am Rhein | ||
Keizerpalts. | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Dútslân | |
dielsteat | Rynlân-Palts | |
lânkring | Mainz-Bingen | |
Stedsyndieling | 10 Stadtteile | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 36.002 (2022)[1] | |
Oerflak | 73,31 km² | |
Befolkingsticht. | 491 ynw./km² | |
Hichte | 110 meter boppe seenivo | |
Oar | ||
Postkoade | 55216, 55218, 55262, 55263 | |
Koördinaten | 49° 58' N 8° 3' E | |
Offisjele webside | ||
www.ingelheim.de | ||
Kaart | ||
Sûnt de 2e helte fan 'e 8e iuw stie dêr de troch Karel de Grutte stifte Ingelheimer keizerpalts, dêr't oant yn 'e 11e iuw keizers en keningen harren tydlike wenstee hiene en it lân bestjoerden. Dêrnei hearsken de Ingelheimer greven yn Ober-Ingelheim. Ek it Ingelheimer Oberhof (Ingelheimer Hege Hôf) wie fan grut belang foar Ingelheim.
De bekendste ynwenner fan 'e stêd wie Sebastian Münster, de skriuwer fan 'e Cosmographia, de earste Dútsktalige wittenskiplike beskriuwing fan 'e wrâld. Hy waard berne yn Nieder-Ingelheim en syn portret hat op it ien nei lêste 100 DM-biljet stien. Ingelheim waard ek bekend troch it yn 1885 troch Albert Boehringer yn Nieder-Ingelheim stifte farmabedriuw Boehringer Ingelheim.
Tsjin 'e ein fan 'e 19e iuw wenne Multatuli yn Ingelheim.
Ingelheim waard earst yn 1939 in stêd. Doe waarden de earder selsstannige gemeenten Frei-Weinheim, Ober-Ingelheim en Nieder-Ingelheim gearfoege. It gebiet om it stasjon fan Nieder-Ingelheim krige doe de funksje fan stedssintrum, dêr't nei de Twadde Wrâldkriich de hjoeddeiske binnenstêd ûntstie.
Op 22 april 1972 waard Groß-Winternheim by Ingelheim foege, yn 2019 folgen ek Heidesheim am Rhein en Wackernheim.
De Ingelheimer keizerpalts stiet yn Nieder-Ingelheim en datearret út de 8e iuw. De palts tsjinne oant yn 'e 11 iuw as tydlike residinsje en bestjoerssintrum en der binne allinne resten fan oerbleaun. It bêste bewarre binne de Aula Regia en de Heidesheimer Poarte en it grutste part fan it kompleks foarmje de net sichtbere fûneminten ûnder de grûn. De palts waard yn 'e rin fan 'e tiid ferskillende kearen ferboud, oant de palts syn betsjutting ferlear en stadichoan ôfbrutsen waard. De útsûndering foarme de eardere Paltskapel, de hjoeddeiske Saalkirche, dy't ek no noch bestiet. Tsjintwurdich is it gebiet fan 'e eardere palts restaurearre en in monumint. Ek fine noch jimmeroan opgravingen plak.
De protestantske Saalkirche waard yn 997 yn Nieder-Ingelheim as Sint-Petruskapel fan 'e keizerpalts stifte. De tsjintwurdige foarm krige de tsjerke yn 'e 12e iuw ûnder Barbarossa. Nei de reformaasje ferfoel de tsjerke en neffens in berjocht út 1638 soe de tsjerke op it koer en de muorren fan it dwersskip nei ynstoart wêze. Nei de Frânske Revolúsje krigen de kalvinisten de tsjerke tawiisd en folge der in earste renovaasje. De rekonstruksje fan it skip waard yn 1965 ôfsletten.
Yn Nieder-Ingelheim stiet ek de katolike Sint-Remigiustsjerke mei syn romaanske toer. De âlde tsjerke waard yn 1739 yn 'e barokke tiid ferfongen. Op it âlde hôf stiet noch in barokke krusigingsgroep.
Bûten de beboude kom stiet oan 'e Mainzer Straße 255 it hûs dêr't de skriuwer Multatuli de lêste fiif jier fan syn libben trochbrocht en dêr't er op 19 febrewaris 1887 ferstoar. It eardere nei de skriuwer ferneamde hotel is hjoed-de-dei in boedistysk meditaasjesintrum.
De monuminten fan Ober-Ingelheim binne fral konsintrearre oan it Marktplatz, An der Burgkirche, oan 'e Neuweg, Rinderbachstraße en de Stiegelgasse.
Yn Ober-Ingelheim binne noch dielen fan 'e muorren en ferskillende wartuorren bewarre bleaun. Ek binne der poarten fan 'e eardere stedsfersterkings oerbleaun: de 14e-iuwske Stiegelgässer Tor yn 'e Stiegelgasse, de 14e-iuwske Uffhubtor yn 'e Hesselweg en de 15e-iuwske Ohrenbrücker Tor yn 'e Edelgasse.
De Burgkirche is ien fan 'e bêste bewarre wartsjerken yn it súdwesten fan Dútslân. De tsjerke ferfong in romaanske foargonger en stiet yn in dûbele muorrering út de 13e iuw. De Burgtsjerke waard yn 'e 15e iuw fergrutte en ferboud en de foltôging fûn yn 1468 mei it langer meitsjen fan it westlike skip plak. De romaanske toer tsjinne û.o. as argyf foar it Ingelheimer Oberhof. Ek wie de tsjerke in skoft de grêftsjerke fan aadlike lju út Ober-Ingelheim. Nei de reformaasje waard de tsjerke oan 'e protestanten oerdroegen. Sûnt 2003 krige de tsjerke de oarspronklike kleuren fan 'e 15e iuw werom.
Noardwestlik fan Ober-Ingelheim stiet op 'e Westerberch de Bismarcktoer út 1907-1912.[2]
Om Ingelheim am Rhein lizze seis natoergebieten. Yn it noardwest fan it stedsgebiet leit de Sandlache. Súd dêrfan grinzgje de Ingelheimer Dünen und Sande. Yn it noardeasten leit fuort oan 'e Ryn it natoergebiet Fulder Aue–Ilmen Aue en súdwest fan 'e stêd in noardlike útrinner fan 'e Westerberg. Eastlik wurde de hellings fan 'e Mainzer berg oan 'e Heidesheimer Weg ûnder natoerbeskerming steld. Westlik fan it stedsdiel Großwinternheim foarmje de iggen fan 'e Selz in natoergebiet.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.