From Wikipedia, the free encyclopedia
In Landkreis of in Kreis (yn Noardryn-Westfalen en Sleeswyk-Holstein) is in regionale bestjoersienheid (distrikt) yn de Bûnsrepublyk Dútslân. It giet dan om in gemeenteferbûn en rjochtspersoan (fan publykrjocht), ien bestjoerlik nivo boppe de gemeente.
Fertikale bestjoersstruktuer yn Dútslân |
In Landkreis is sels wer part fan in Regierungsbezirk of direkt fan in dielsteat. De lêste wiziging yn de yndieling fan de distrikten yn Dútslân fûn plak op 1 july 2007. By dy twadde weryndieling fan Saksen-Anhalt is it totaal oan Dútske kreisen werombrocht nei 313.
In Landkreis is ferantwurdlik foar saken as sikehuzen, ôffalferwurking, oerlanging fan rydbewizen, oerlanging fan jachtaktes ensafuorthinne.
Stêden mei mear as 100.000 ynwenners hearre meastentiids net by in Landkreis en binne sels foar dy tsjinsten ferantwurdlik. Sokke stêden wurde Kreisfreie Stadt of soms Stadtkreis neamd, en binne in stedsdistrikt.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.