From Wikipedia, the free encyclopedia
De Hekla is in fulkaan yn it suden fan Yslân op 63.98° NB 19.70° WL en hat in hichte fan 1.491 meter. De Hekla is de aktyfste fulkaan op it eilân. Sûnt 874 hawwe der mear as 20 útbarstings west fan de fulkaan.
De Hekla is part fan in fulkanyske berchrich fan sa'n 40 km lang. It aktyfste part fan dizze rich, in stik fan 5 km wurdt sjoen as de fulkaan Hekla, mar dit is eins ek in rige fan kraters wêrút twa kraters it aktyfst binne.
De earste útbarsting dy't fêstlein is wie yn de 9e iuw, mat it is hast wis is dat der earder in grut tal útbarstings wêst hawwe. Der hawwe tusken de 20 en 30 grutte utbarstings west, wêrby de berch somtiden wol 6 jier aktyf bleau.
Utbarstings fan de Hekla: 2000, 1991, 1980, 1970, 1947, 1845, 1766, 1693, 1636, 1597, 1510, 1434, 1389, 1341, 1300, 1222, 1206, 1158 en 1104.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.