Harper Publications is in Amerikaanske útjouwerij dy't oprjochte waard yn 1817 en fêstige is yn New York. Sûnt 1989 is it net mear in selsstannich bedriuw, mar ynstee de wichtichste ymprint fan HarperCollins Publishers, ien fan 'e grutste útjouwerijen fan 'e Angelsaksyske wrâld.

Fluch de feiten
Harper Publications
algemien
hist. nammeJ. & J. Harper
Harper & Brothers
Harper & Row
nasjonaliteit Amerikaansk
typeprivaat
sektorútjouwerij
haadkertierNew York (New York)
oprjochte1817
oprjochterJames Harper en John Harper
eignerNewsCorp
memHarperCollins Publishers
dochterssjoch ûnder ymprints
offisjele webside
www.harpercollins.com
Slute

Skiednis

Harper Publications waard yn 1817 oprjochte ûnder de namme J. & J. Harper, troch de bruorren James en John Harper, dy't eins fan berop drukker wiene. Yn 'e midden fan 'e 1820-er jierren waarden harren jongere bruorren Joseph Wesley Harper en Fletcher Harper ek fennoat yn it bedriuw, dat sadwaande yn 1833 omneamd waard ta Harper & Brothers (gauris ôfkoarte ta Harper & Bros.).

Behalven boeken begûn Harper healwei de njoggentjinde iuw ek tydskriften út te jaan. It earste dêrfan wie Harper's New Monthly Magazine, yn 1850, dat folge waard troch Harper's Weekly (1857), Harper's Bazar (1867) en Harper's Young People (1879). Harper's New Monthley Magazine ûntjoech him úteinlik ta Harper's Magazine, dat noch altyd publisearre wurdt troch de Harper's Magazine Foudation. Harper's Weekly gie yn 1916 op yn The Independent, dy't sels yn 1928 wer opgie yn The Outlook. Harper's Bazar is noch altyd ien fan 'e meast foaroasteande Amerikaanske frouljusblêden, dat no publisearre wurdt troch de Hearst Corporation.

Yn 1962 fúzjearre Haper & Brothers mei Row, Peterson & Company ta Harper & Row. Yn 1988 naam Harper & Row de Britske útjouwerij fan kristlike lektuer Marshall Pickering oer, dy't sels ek fuortkommen wie út in fúzje, tusken it Ingelske Marshall Morgan & Scott út Londen en it Skotske Pickering & Inglis út Glasgow. Harper en Row wie ûnderwilens yn 1987 sels oernommen troch News Corp, it bedriuw fan media-tycoon Rupert Murdoch, en nei't dat yn 1989 ek de Britske útjouwerij William Collins, Sons (oprjochte yn 1819) yn it besit krige, waarden dy beide útjouwerijen mei-inoar fúzjearre ta ien bedriuw, dat de namme fan HarperCollins Publishers krige. Neitiid hat dat him útwreide oant it ien fan 'e fiif grutste Ingelsktalige útjouwerijen fan 'e wrâld waard. Sûnt 2007 wurdt foar de measte útjeften de Harper-ymprint brûkt yn it plak fan 'e HarperCollins-namme.

Ymprints

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Wikiwand in your browser!

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.

Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.