Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
Keith Rupert Murdoch (Melbourne, Fiktoaria (Austraalje), 11 maart 1931) is in Amerikaanske mediamagnaat fan Australysk komôf. Troch it eigendom fan syn bedriuw News Corp is er de eigener fan hûnderten pleatslike, nasjonale en ynternasjonale mediabedriuwen yn de wrâld, lykas The Sun en The Times yn it Feriene Keninkryk; The Daily Telegraph, Herald Sun en The Australian yn Austraalje; en The Wall Street Journall en New York Post yn de Feriene Steaten; boeke-útjouwer HarperCollins en de tillefyzjestjoerders Sky News Australia en Fox News (troch de Fox Corporation). Hy wie ek de eigener fan Sky Limited (oant 2018), 21st Century Fox (oant 2019) en de ophefte News of the World.
Rupert Murdoch | ||
Rupert Murdoch yn 2012. | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Keith Rupert Murdoch | |
nasjonaliteit | Australysk (1931-1985) Amerikaansk (fan 1985 ôf, naturalisearre) | |
berne | 11 maart 1931 | |
berteplak | Melbourne, Fiktoaria (Austraalje) | |
etnisiteit | Ingelsk Skotsk Iersk | |
wurkpaad | ||
berop/amt | algemien direkteur fan News Corporation (1980-2013) direkteur fan News Corp (2013-hjoed-de-dei) algemien direkteur fan 21st Century Fox (2013-2015) meidirekteur 21st Century Fox (2015-2019) algemien direkteur fan Fox News (2016-2018) foarsitter fan Fox News (2016-2019) foarsitter fan Fox Corporation (2019-hjoed-de-dei) | |
jierren aktyf | 1952 - hjoed-de-dei |
In soad fan Murdoch syn kranten en telefyzjestjoerders wurde fan skeane en misliedende berjochtjouwing beskuldige dy't syn sake-ympearium en politike freonen foardielen jaan soene. Dêrtroch hie er politike ynfloed yn Austraalje, it Feriene Keninkryk en de Feriene Steaten.
Keith Rupert Murdoch waard op 11 maart 1931 berne yn Melbourne, Fiktoaria (Austraalje), as soan fan Sir Keith Murdoch (1885-1952) en Dame Elisabeth Murdoch (famkesnamme: Greene; 1909-2012). Hy is fan Ingelsk, Iersk en Skotsk komôf. Syn âlden waarden beide ek berne yn Melbourne en hy hat trije susters: Janet Calvert-Jones, Anne Kantor en Helen Hadbury (1929-2004). Syn heit wie in kriichskorrespondint en waard letter in pleatslike krantemagnaat, dy't twa kranten yn Adelaide, Súd-Austraalje, en in radiostjoerder yn in mynstêd yn besit hie. Boppedat waard er ek direkteur fan de grutte útjouwer Herald and Weekly Times. Letter yn it libben besleat Keith Rupert syn twadde namme te brûken, dêr't er fan nei syn pake oan memmekant neamd waard.
Rupert gie nei Geelong Grammar School en naam in dieltiidsbaan by de Melbourne Herald. Hy waard yn dy tiid troch syn heit taret om de famyljesaak oer te nimmen. Murdoch studearre filosofy, polityk en ekonomy op it Worcester College yn Oxford (Ingelân), dêr't er in búste fan Lenin yn syn keamer stean hie. Hy kaam der as "reade Rupert" bekend te stean. Hy waard lid fan de Labour Party fan de Universiteit fan Oxford. Yn 1952 kaam syn heit oan kanker te ferstjerren en moast Rupert werom nei Austraalje ferfarre om de famyljesaak oer te nimmen.
Nei't syn heit ferstoar gie Rupert Murdoch, dy't doe 21 jier âld wie, werom om de famyljesaak, fan wat der fan oer wie, oer te nimmen. Nei de likwidaasje fan syn heit syn oandiel yn The Herald om belestings te beteljen, bleau der allinnich noch mar News Limited, dat yn 1923 oprjochte waard, oer. The News, in krante yn Adelaide, wie it grutste ûnderdiel fan News Limited en dat waard troch Rupert Murdoch ta in grut sukses makke. Hy sette útein mei útwreiding en it oanskaffen fan ferskate provinsjale kranten yn Austraalje, lykas de Sunday Times yn Perth (1956) en de tabloid The Daily Mirror yn Sydney (1960).
Yn 1964, doe't er mei freonen yn Nij-Seelân op fakânsje wie lies er dat it deiblêd fan Wellington, The Dominion oernommen wurde soe troch de Britske krantemagnaat fan Kanadeesk komôf, Roy Thomson. Murdoch die in tsjinbod en lang om let krige er de krante yn eigendom. Letter yn 1964 sette Murdoch útein mei The Australian, dat it earste nasjonale deiblêd fan Austraalje waard. Yn 1972 kocht er de tabloid The Daily Telegraph yn Sydney fan de Australyske mediamagnaat Sir Frank Packer, dy't der letter spyt fan krige dat er oan Murdoch ferkocht hie.
Yn 1980 rjochte er News Corporation op as in holding foar News Limited. It bedriuw hie syn haadkertier yn Adelaide en waard in beursnotearre ûndernimming op de NASDAQ.
Yn 1984 waard er beneamd ta Companion (AC) yn de Oarder fan Austraalje. Yn 1999 wreide Murdoch syn warberens yn de muzykyndustry út. Hy kocht it grutste oandiel yn de Australyske platemaatskippij Mushroom Records en fusearre dy mei Festival Records dat ta Festival Mushroom Records late. De platemaatskippij waard jierrenlang beheard troch Rupert syn soan James Murdoch.
Op polityk mêd is Murdoch foarstanner fan de Australyske republyk
Yn 1968 kaam er telâne yn de Britske krante-yndustry mei syn oername fan de populistyske News of the World. Yn 1969 naam er it wrakseljende The Sun oer en fernijde er de krante yn tabloid-formaat. Yn 1981 naam er de wrakseljende Times en Sunday Times oer fan útjouwer Roy Thomson, dy't syn nocht hie fan it ferliezen fan jild dêryn, en tocht dat Murdoch de kranten winstjouwend meitsje koe.
Yn 1981 foarme Murdoch News International, dêr't er al syn publikaasjes yn ûnderbrocht.
Yn de 1980'er en 1990'er jierren wiene de publikaasjes fan Murdoch almeast ta geunst fan minister-presidint Margaret Thatcher en John Major. Nei harren bestjoer begûn Murdoch Labour Party ûnder Tony Blair te stypjen. Hja waarden goede freonen en holden wol gearkomsten om nasjonaal belied yn it Feriene Keninkryk te besprekken. Dat smiet yn de publike opiny argewaasje op. Dat feroare letter doe't The Sun de hearskjende Labour Party algeduerigen ôfkreake en stipe joech oan de Konservative Partij ûnder David Cameron.
Yn 1986 yntrodusearre Murdoch elektroanyske produksje fan syn kranten yn Austraalje, it Feriene Keninkryk en de Feriene Steaten. Dat late ta it ferminderjen fan it tal wurklju dy't by de printinge belutsen wiene. Yn Ingelân late dat ta argewaasje fan de fakbûnen. Dêrnei ûntstie der in rebûlje, nei't 6.000 wurklju dien krigen, nei't se yn staking giene. Polityk lofts yn Ingelân beskuldige it regear fan Thatcher dêrfan dat se temûk mei Murdoch de Britske fakbûnen dwers sitte woene. Yn 1987 krigen de wurklju, dy't dien krigen hiene, in skikking fan £ 60 miljoen.
Yn 1998 besocht Murdoch fuotbalklup Manchester United mei in bod fan £ 625 miljoen oan te keapjen, dochs dat mislearre. Dat wie it grutste bedrach dat ea foar in sportklup oanbean waard. It oankeapjen waard troch de Britske Competition Commission tsjinholden, dy't sei dat it oankeapjen troch Murdoch konkurrinsjeneidielen foarmje soene yn de Britske omroppers en dat de kwaliteit fan Britsk fuotbal efterút buorkje soe.
Yn 1983 kocht Murdoch syn News International 65 prosint oandiel yn Sky Television foar £ 5 miljoen, dat yn de earste jierren fan syn bestean mei ferlies draaide. Sky waard subsidiearre troch de winsten fan syn oare bedriuwen. Yn 1990 koe er in fúzje mei konkurrint British Satellite Broadcasting dien krije, dêr't British Sky Broadcasting (BSkyB) troch ûntstie en dêrmei dominearre er de Britske satellytmerke. Yn 1996 hie BSkyB wol 3,6 miljoen abonneminten, goed trije kear sa folle as keabelabonneminten.
Yn 2011 wie Murdoch belutsen by in skandaal oangeande it ôfharkjen fan ferneamde persoanen lykas keninklike persoanen en ek publike boargers troch ien fan syn bedriuwen News of the World, eigendom fan News Corporation. Murdoch wie part fan it ûndersyk troch de Britske oerheid en de FBI oangeande omkeapjen en korrupsje. Op 7 july 2011 waard de krante sletten en guon redakteuren waarden arrestearre. Yn febrewaris 2012 makke Murdoch bekend dat de sneinske bylage fan The Sun as ferfanging fan News of the World ferkine soe. Op 21 july 2012 stapte Murdoch op as direkteur fan News International
Yn jannewaris 2018 blokkearre de Competition and Markets Authority (CMA) Murdoch om de oerbliuwende 61 prosint fan BSkyB, dy't er noch net yn besit hie, te keapjen, út noed oer hearskippij oer de merk. Letter stimde de CMA mei it keapjen fan de rest fan BSkyB troch Murdoch yn mei betingst dat er Sky News oan The Walt Disney Company, dy't al warber wie mei it oanskaffen fan 21st Century Fox, ferkeapje soe. Nettsjinsteande dat kaam de kontrôle oer BSkyB yn hannen fan Comcast by in feiling dy't troch CMA oardere waard. Murdoch ferkocht letter syn 39 prosint fan BSkyB oan Comcast.
Murdoch die syn earste oername yn de Feriene Steaten yn 1973, doe't er de San Antonio Express-News oernaam. Yn 1974 ferhuze er nei New York om op de Amerikaanske merk út te wreidzjen. Hy bleau lykwols ek warber yn Austraalje en it Feriene Keninkryk. Justjes letter rjochte er it bûlevaarblêd Star Magazine op en yn 1976 kocht er de New York Post oan. Op 4 septimber 1985 waard er in naturalisearre steatsboarger fan de Feriene Steaten, om't eigeners fan Amerikaanske tillefyzjestjoerders ferplichte wiene om Amerikaansk steatsboarger te wêzen.
Yn maart 1984 ferkocht Marvin Davis de oandielen fan Marc Rich yn 20th Century Fox foar $ 250 miljoen oan Murdoch, om't Marc Rich hannelskontakten mei Iraan hie nettsjinsteande de Amerikaanske sanksjes. Davis luts him letter werom fan in gearwurking mei Murdoch om tillefyzjestjoerders fan Metromedia te keapjen. Murdoch kocht alle sjoerders sels en kocht Davis syn oandiel yn Fox foar $ 325 miljoen. De seis tillefyzjestjoerders fan Metromedia foarmen de kearn fan Fox Broadcasting Company, dat op 9 oktober 1986 oprjochte waard.
Murdoch syn 20th Century Fox kocht de oerbliuwende oandielen fan Four Star Television fan Ronald Perelman syn Compact Video yn 1996. Nei de ferskate oernamen fan Murdoch yn de 1980'er jierren yn it "oername-tiidrek" hat News Corporation, syn holdingsûndernimming, skulden fan $ 7 miljard oprûn, benammen troch it oernimmen fan Sky TV yn it Feriene Keninkryk, nettsjinsteande it grutte eigen fermogen dy't News Corporation besiet. De hege skulden twong Murdoch yn de lette 1980-er jierren syn oandielen yn de Amerikaanske tydskriften te ferkeapjen.
Yn 1993 naam Fox it útstjoeren fan de National Football Conference fan de NFL fan CBS oer. Yn 1995 kaam Fox oan it aljemint yn in ûndersyk fan de Federal Communications Commission (FCC) doe't der in beskuldiging dien waard dat Murdoch syn eigendom yn Fox troch de Australyske News Limited ûnwettich makke. De FCC oardiele lykwols yn it foardiel fan Murdoch. Yn datselde jier arbeide er op mei MCI Communications om in grutte webstee en tydskrift op it mêd fan nijs te ûntwikkeljen. Yn 1996 sette er útein mei Fox News, in nijsstjoerder op de keabel dy't 24 oeren de dei útstjoert en ornearre waard foar in konservatyf publyk. Yn 2009 waard waarnommen dat Fox News de meast populêre nijsstjoerder yn de Feriene Steaten wie. Yn 2003 kocht Murdoch in oandiel fan 34 prosint yn Hughes Electronics, de útfierder fan it grutste Amerikaanske satellytbedriuw, DirecTV, fan General Motors foar $ 6 miljard.
Yn 2004 makke Murdoch buorkundich dat er it haadkantoar fan News Corporation fan Adelaide nei New York ferhúzje soe, sa't Amerikaanske fûnsbehearders mear oandielen yn de ûndernimming keapje koene.
Op 20 july 2005 kocht News Corporation Intermix Media, dy't Myspace, Imagine Games Network en oare sosjale netwurken behearde, foar $ 580 miljoen. Yn juny 2011 ferkocht er Myspace lykwols foar $ 35 miljoen Op 11 septimber 2005 makke News Corporation buorkundich dat it IGN Entertainment foar $ 650 miljoen keapje soe.
Yn maaie 2007 die Murdoch in oanbieding en keapje Dow Jones & Company foar $ 5 miljard. De famylje Bancroft, dy't doedestiids it bedriuw 105 jier yn eigendom hiene en kontrôle hiene oer 64 prosint fan de oandielen, wegeren lykwols te ferkeapjen. Letter kamen se derop werom en ferkochten it bedriuw yn 2007 oan Murdoch.
Yn juny 2014 die Murdoch syn 21st Century Fox in bod op Time Warner mei $ 85 de oandiel ($ 80 miljard totaal), dy't troch it bestjoer fan Time Warner ôfwiisd waard.
Murdoch stapte yn 2015 op as algemien direkteur fan 21st Century Fox, mar bleau noch wol de eigener oant it troch de The Walt Disney Company oernommen waard. In stikmannich tillefyzjestjoerders, wêrûnder Fox News, waarden ûnderbrocht yn de Fox Corporation, dat noch hieltyd eigendom fan Murdoch is.
Yn septimber 2023 stapte er op as foarsitter fan Fox Corp en News Corp. Syn soan Lachlan soe syn taken oernimme.
Murdoch hat it grutste part fan Sky Italia, in satellytoanbieder yn Itaalje, yn besit. Murdoch hie gauris in skeel mei de eardere Italjaanske minister-presidint Silvio Berlusconi, dy't de eigener fan konkurrint, it grutte mediabedriuw Mediaset, is. Mediaset wegere News Corporation reklame op syn stjoerders út te stjoeren en dat late ta in rjochtsaak, dêr't de rjochter yn it foardiel fan Murdoch oardiele.
Yn novimber 1986 kocht News Corporation 35 prosint oandielen yn South China Morning Post (SCMP) út Hong Kong foar $ 105 miljoen. SCMP wie doedestiids in beursnotearre ûndernimming en it eigendom fan HSBC, Hutchison Whampoa en Dow Jones & Company. Yn desimber 1986 bea Dow Jones & Company syn oerbliuwende 19 prosint oan foar $ 57,2 miljoen en yn 1987 hie News Corporation him folslein oernommen. Yn septimber 1993 ferkocht News Corporation 34,9 prosint fan SCMP oan Kerry Media foar $ 349 miljoen. Yn 1994 ferkocht News Corporation syn oerbliuwende part fan 15,1 prosint oan de MUI Group.
Yn 1993 besocht News Corporation 22 prosint oandielen yn TVB, in tillefyzje-omropper yn Hong Kong te keapjen foar $ 237 miljoen, mar joech dat lang om let op, nei't de oerheid fan Hong Kong tsjin oan it stribbeljen wie. Ek yn dat jier kocht News Corporation Star TV yn Hong Kong fan Hutchison Whampoa foar $ 1 miljard en sette ferskate kantoaren op oer Aazje hinne, en dêrmei koe News International útstjoere út Hong Kong, Yndia, Sina, Japan en 30 oare lannen yn Aazje wei, en waard it ien fan de grutste satellytstjoerders yn it easten. De Sineeske oerheid lei lykwols dwers en beheine him tagong ta grutte parten fan Sina
Yn 2009 waard Star TV, no gewoan Star hjitten, troch News Corporation fannijs organisearre. In protte fan syn operaasjes yn East-Aazje, Súdeast-Aazje en it Midden-Easten waarden ûnderbrocht by Fox International Channels, wylst Star India syn eigen bedriuw, ûnder News Corporation, waard.
Yn maaie 2013 kocht Murdoch de Moraga Estate, in filla mei wynhôf yn Bel Air (Los Angeles).
Rupert Murdoch hat fjouwer kear troud west, dêr't der trije einigen yn in skieding. Hy hat yn totaal seis bern.
Yn 1956 boaske Murdoch Patricia Booker, in eardere winkelassistinte en stewardess fan Melbourne. It pear hie ien dochter, Prudence Murdoch, berne yn 1958. Hja skaten yn 1967.
Yn 1967 boaske er Anna Torv, in sjoernalist foar syn krante The Daily Telegraph fan Sydney, dy't yn Skotlân berne wie. Yn jannewaris 1998, trije moanne ear't it buorkundich waard dat er fan Anna, dy't roomsk-katolyk wie, skiede soe, waard Murdoch beneamd ta ridder-kommandeur yn de Oarder fan Sint-Gregoarius de Grutte troch paus Jehannes Paulus II. Wylst Murdoch almeast mei Anna nei de mis ta gie, bekearde er him nea ta it katolisisme. Anna en Rupert hiene trije bern: Elisabeth Murdoch, berne yn Sydney op 22 augustus 1968; Lachlan Murdoch, berne yn Londen op 8 septimber 1971; James Murdoch, berne yn Londen op 13 desimber 1972.
Op 25 juny 1999, 17 dagen nei't er offisjeel skaat wie fan syn twadde frou, boaske Rupert Murdoch, dy't doe 68 jier âld wie, de 30-jierrige Wendi Deng, dy't yn Sina berne wie en ôfstudearre hie oan de Universiteit fan Yale. Hja wie fise-direkteur fan syn bedriuw Star TV. Rupert Murdoch hie twa bern mei har: Grace, berne yn 2001, en Chloe, berne yn 2003. Op 13 juny 2013 waard buorkundich makke dat Rupert Murdoch foar in skieding yn New York oanfrege hie. Neffens in wurdfierder wie it houlik al mear as seis moanne stikken. Ek einige Murdoch syn lange freonskip mei Tony Blair dy't er dêrfan beskuldige dat er in seksuële relaasje mei Wendi hie, doe't se noch troud wiene.
Op 11 jannewaris 2016 make Rupert Murdoch syn ferloving mei it eardere model Jerry Hall buorkundich yn de krante The Times. Op 4 maart 2016 troude de doe 85-jierrige Murdoch mei de 59-jierrige Hall yn Londen. Op 1 july 2022 frege Hall de skeiding omreden te grutte ferskillen. Yn augustus 2022 waard de skieding dienmakke.
Murdoch moete Ann Lesley Smith (1956), in eardere Amerikaanske radiopresintatrise. Op Sint-Patricks Dei yn 2023 die Murdoch, dy't in fearns fan Iersk komôf is, har in houliksoansyk. Twa wike nei't se ferloofd wiene, yn april, biek Murdoch hommels de ferloving ôf. Dat die er nei alle gedachten doe't omreden Smith har religieuze stânpunten en útsinnigens foar Tucker Carlson, in presintator fan Fox News. Hja neamde Carlson "boadskipper fan God". Carlson krige trije wike letter dien by Fox News.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.