From Wikipedia, the free encyclopedia
De Grumman A-6 Intruder wie in Amerikaansk militêr oanfalsfleantúch mei twa motors, dat ein jierren fyftich ûntwurpen waard foar de Marine fan de Feriene Steaten. It tastel waard in soad brûkt en wie in tsjinst by de Amerikaanske marine, de USN en by de Amerikaanske mariniers, it USMC.
De A-6 wie tige sterk boud en koe ek by min waar operearje (‘all weather’-kapasiteit), dêrom wie it tastel hast universeel yn te setten. De A-6 waard sawol by grutte kombinearre loftoanfallen brûkt as ek faak by nacht yn seksjes fan twa tastellen of allinnich.
It tastel hie gjin kanonnen, mar wie útrist mei protte hardpoints ûnder de fleugels wêr't goed 9000 kg oan wapens oan ophongen wurde koene.
De Grumman A-6 waard yn 1997 om reden fan ferâldering stadichoan ferfongen, mar it A-6-airframe wurdt noch altyd brûkt foar de operasjonele ECM-fariant fan de USN, de Grumman EA-6B Prowler.
Hûnderten útklaaide airframes waarden yn 2000 yn Floarida yn 'e see smiten en foarmje no in keunstmjittich rif foar de kust by Miami.
Gegevens A-6A | Gegevens A-6E | |
---|---|---|
Langte: | 16,69 m | 16,69 m |
Spanwiidte: |
|
|
Hiche: | 4,93 m | 4,93 m |
Fleugeloerflak: | 49,15 m² | 49,15 m² |
Gewicht leech: | 11.476 kg | 12.093 kg |
Startgewicht maks. : | 24.358 kg | 27.397 kg |
Branjekapasiteit: | ? |
|
Heechste faasje: | 1.039 km/o (op seenivo) | 1.036 km/o (op seenivo) |
Krúsfaasje: | 744 km/o (op seenivo) | 763 km/o (op seenivo) |
Klimfaasje: | ? | 38,75 m/s |
Tsjinstplafond: | 12.268 m | 12.925 m |
Fleanberik: | 5.190 km | 4.408 km |
Min. langte startbaan: | ? | 1.469 m (sûnder katapult) |
Langte lâningsbaan: | ? | 823 m (sûnder rimparasjute) |
Oandriuwing: | 2 strielmotors Pratt & Whitney J52-P-8A | 2 strielmotors Pratt & Whitney J52-P-8B |
Driuwkrêft: | 2 × 37,81 kN (sûnder neiferbaarnder) | 2 × 41,20 kN (sûnder neiferbaarnder) |
Bemanning: | 2 | 2 |
Bewapening:
Raketten en bommen
| ||
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.