Skoatterlân (Nederlânsk en offisjeel: Schoterland) wie in eardere gritenij en gemeente yn it súd-easten fan Fryslân by de Tsjonger lâns, mei in gebiet fan 152,50 km² en ûnderdiel fan de Sânwâlden. Op 31 desimber 1930 hie Skoatterlân 17.379 ynwenners.[1]

Fluch de feiten flagge, wapen ...
Skoatterlân
Thumb
De Drie Pilaren (rj.) yn Aldskoat: it âlde gritenijhûs fan Skoatterlân.
flaggewapen
Thumb
lokaasje
Thumb
polityk
lân Nederlân
provinsje Fryslân
sifers en geografy
haadplakAldskoat
grutste plakIt Hearrenfean
ynwennertal17.379 (1930)
befolkingstichtens113,9 / km²
oerflak152,50 km²
tal doarpen19
skiednis
oprjochte1851
oant 1851 Gritenij Skoatterlân
opheft1934
opgien yn It Hearrenfean
Haskerlân
Lemsterlân
no part fan It Hearrenfean
De Fryske Marren
oar
tiidsôneUTC +1
simmertiidUTC +2
Slute

Skiednis

Skoatterlân ûntstie yn 'e 14e iuw en hiet eartiids Skoatterwerf. Fan 1550 oant 1581 wie Skoatterlân opdield yn tertieren (ek tuych); in eastertertier, in middeltertier en in westertertier. De warkeamer (of de werf) foar it rjocht wie yn "De Drie Pilaren” yn Aldskoat en fan 1828 wie Oenemastate it gritenij- / gemeentehûs. De gritenij Skoattelân waard yn 1851 in gemeente nei de ynfiering yn Nederlân fan de gemeentewet fan Thorbecke.

By de gemeentlike weryndieling fan 1934 is it grutste part fan Skoatterlân in part wurden fan de nije gemeente it Hearrenfean. Reden hjirta wie dat it Hearrenfean op de grins fan Aenjewier en Skoatterlân lei. In part yn it súdwesten mei Dolsterhuzen, Reahel, Rotsterhaule, Rottum, Sint-Jânsgea en Rotstergaast waard tafoege oan Haskerlân. Skoatter Uterdiken en Skoattersyl waard tafoege oan Lemsterlân.

Plakken

It haadplak wie Aldskoat, en de oare doarpen yn de gemeente wiene: Aldhoarne, Bontebok, Dolsterhuzen, It Hearrenfean (foar it oergrutte part), Hoarnstersweach, Jobbegea, Ketlik, De Knipe (oarspronklik ferdield yn Under-Knipe en Boppe-Knipe), Nijhoarne, Nijskoat, Mildaam, It Oranjewâld, Reahel, Rotstergaast, Rotsterhaule, Rottum, Sint-Jânsgea en Skoatter Uterdiken.

Fierders leine yn 'e gemeente de buorskippen Annebuorren, Brongergea, Fjouwerhûs, Jobbegea-Skuorregea, It Mar, Sânbuert, Sechtjinroeden, Skoattersyl, Unlân en Westergaast.

Sjoch ek

Boarnen, noaten en referinsjes

Wikiwand in your browser!

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.

Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.