Ljouwerteradiel (Nederlânsk en offisjeel: Leeuwarderadeel) wie in gemeente yn it noarden fan Fryslân. Dizze gemeente hie op 30 april 2017 10.089 ynwenners,[1] en besloech in oerflak fan 41,46 km², wêrfan 0,55 km² wetter. Ljouwerteradiel wie in agraryske gemeente, mar der wennen ek in soad forinzen dy't yn Ljouwert wurken, benammen yn it haadplak Stiens.
Ljouwerteradiel | |
---|---|
De Buerstermûne, yn it noarden fan Ljouwerteradiel. | |
flagge | wapen |
Wapen fan Ljouwerteradiel | |
lokaasje | |
polityk | |
lân | Nederlân |
provinsje | Fryslân |
sifers en geografy | |
haadplak | Stiens |
grutste plak | Stiens |
ynwennertal | 10.089 (2017) |
befolkingstichtens | 246,6 / km² |
oerflak | 41,46 km² |
● wêrfan lân | 40,91 km² |
● wêrfan wetter | 0,55 km² |
tal doarpen | 7 |
ferkearsieren | N357, N393 |
skiednis | |
oprjochte | 1851 |
1435 | Middeltrimdiel by Ljouwert |
oant 1851 | Gritenij Ljouwerteradiel |
1943 | Sudertrimdiel by Ljouwert |
opheft | 2018 |
opgien yn | Ljouwert |
no part fan | Ljouwert |
oar | |
netnûmer | 0518, 058 |
postkoade | 9051–9057, 9071–9072 |
tiidsône | UTC +1 |
simmertiid | UTC +2 |
webside | www.leeuwarderadeel.nl |
Skiednis
Ljouwerteradiel wie eartiids de gritenij om Ljouwert hinne. It wie opspjalte yn trije trimdielen. Omtrint 1435 waard it Middeltrimdiel ta grûngebiet fan 'e gemeente Ljouwert. De gritenij Ljouwerteradiel waard yn 1851 in gemeente, nei de ynfiering yn Nederlân fan de gemeentewet fan Thorbecke.
Under de Twadde Wrâldoarloch waard op 29 desimber 1943 ek it Sudertrimdiel (mei û.m. Goutum, Wurdum en Wytgaard) part fan 'e gemeente Ljouwert, om't de Dútske besetter in rasjonele bestjoersyndieling easke. Sadwaande bleau fan Ljouwerteradiel inkeld it Noardertrimdiel oer, minus de doarpen Lekkum en Miedum dy't tagelyk mei it Sudertrimdiel oergiene nei Ljouwert. De oerbleaune rompgemeente liek te lyts om op himsels libbensfetber te wêzen, mar oerlibbe dochs ûnskansearre de gemeentlike weryndieling fan 1984. Op 1 jannewaris 2018 hold Ljouwerteradiel lykwols op te bestean en kaam de hiele gemeente by it oanhâldend úttynjende Ljouwert te hearren. De lêste boargemaster fan Ljouwerteradiel wie VVD-er Joop Boertjens.
Plakken
It haadplak fan de gemeente wie Stiens, en de oare plakken yn de gemeente wiene: Alde Leie, Britsum, Feinsum, Hijum, Jelsum en Koarnjum. Fierders lei ek in part fan de buorskip Bartlehiem yn de gemeente. It doarp Alde Leie wie oarspronklik ferdield oer de trije gemeenten Ljouwerteradiel, Ferwerderadiel en It Bilt, oant it yn it ramt fan 'e gemeentlike weryndieling fan 1984 yn syn gehiel by Ljouwerteradiel kaam te hearren. Ljouwerteradiel fierde yn 2009 Fryske plaknammen yn, mar hold de gemeentenamme sels Nederlânsktalich fanwegen de 'werkenberheid' fan 'e namme 'Leeuwarden'.
Bestjoerlike gearwurking
Ljouwerteradiel wurke gear mei oare gemeenten. Sa wurke Ljouwerteradiel yn it BOS-L-ferbân op it mêd fan folkshúsfesting gear mei de gemeenten om Ljouwert hinne, yn it Middelseeferbân op it mêd fan ûnder oare ICT en mei acht oare gemeenten waard gearwurke op it mêd fan sosjale saken en wurk.
Bysûndere âlde gebouwen
Yn it foarste plak hie de gemeente in oantal ryksmonuminten. Omdat Ljouwerteradiel in lytse plattelânsgemeente wie, wiene it der net safolle. Yn totaal hie de gemeente 25 Ryksmonuminten (teldatum: 1 novimber 2007). De meast bysûndere wiene Martenastate yn Koarnjum en Dekemastate yn Jelsum. Dekemastate wie de âldste state fan Fryslân. De oare ryksmonuminten wiene tsjerken (6), pleatsen (9), mûnen (4) wenhûzen (3) en in brêge.
De gemeente hie gjin gemeentlike monuminten oanwiisd. De provinsje Fryslân hie ek gjin gebrûk makke fan de mooglikheid om provinsjale monuminten oan te wizen.
In oantal oare bysûndere gebouwen, dy't gjin ryksmonumint wiene, wiene de folgjende. Yn it foarste plak de blikfanger "De Hoop", in mûne yn it sintrum fan Stiens. De mûne waard yn 1847 boud, mar is yn 1922 ôfbrútsen, sa dat der alinnich noch mar in romp oer wie. Yn de jierren santich fan de tweintichste iuw waard de mûne op 'e nij boud, en begjin jierren njoggentich restaurearre. Net lang dêrnei kaam der by de jierwiksel in fjoerpylk yn it reiten tek telâne en baarnde de mûne ôf. Doe mûne waard doe wer op 'e nij opboud. De mûne wie gjin Ryksmonumint omdat der net genôch autentike eleminten mear yn de mûne oanwêzich wiene.
In oar bysûnder gebou wie in âlde remize oan de Lútskedyk yn Stiens. De remize is bysûnder omdat er boud wie yn in suderske styl dy't yn it noarden net faak foarkaam. De remize wie lykwols gjin ryksmonumint omdat op it stuit dat it gebou oandroegen waard as monumint, it Ryk him op it stânpunt stelde dat alle bysûndere gebouwen út dizze periode al monumintaal ferklearre wiene. It advys fan de gemeente om de remize ta ryksmonumint te ferklearjen, wie nammers negatyf, omdat autentike eleminten lykas de ruten en de spoarrails der net mear wiene. Yn dy tiid waard de remize brûkt as opslach foar jerappels.
Fierders wiene der yn de gemeente noch in tal grifformearde tsjerken. Trije dêrfan waarden net mear brûkt as tsjerke. It gie om de grifformearde tsjerken oan de Uniawei 37 yn Stiens, dy't brûkt waard as opslach foar de meubelhannel Snijder; oan de Liuwe Jellingastrjitte yn Britsum, dy't as opslach brûkt waard troch Hayma fietsen-witgoed; en oan De Streek 7 yn Aldeleie, dy't efter in wenhûs stie en as wurkplak foar de metaalbewurking brûkt waard.
De gemeente hie ek trije skoalgebouwen dy't harren funksje ferlern hiene en bysûnder wiene fanwegen harren kultuerhistoryske wearde. It gie om in skoalle oan de Boarnsylsterwei 3 yn Jelsum, dy't troch in leauwensmienskip as aktiviteitegebou brûkt waard; om in skoalle oan de Greate Buorren 5 yn Britsum, dy't troch Talant as aktiviteiteromte brûkt waard; en om in âld sneinsskoalle oan de Leyester Hegedyk 3 yn Alde Leie, dy't gjin funksje mear hie.
- De remize oan de Lútskedyk yn Stiens
- De âlde grifformearde tsjerke oan de Uniawei yn Stiens
- De âlde grifformearde tsjerke oan de Liuwe Jellingastrjitte yn Britsum
- De âlde grifformearde tsjerke oan De Streek yn Aldeleie
- De âlde skoalle oan de Boarnsylsterwei yn Jelsum
- De âlde skoalle oan de Greate Buorren yn Britsum
- De âlde sneinsskoalle oan de Leyester Hegedyk yn Aldeleie
Beskerme doarpsgesicht
Jelsum hie as iennichste doarp yn de gemeente Ljouwerteradiel in beskerme doarpsgesicht. Op grûn fan de Monumintewet 1988 hie in part fan it doarp yn it bestimmingsplan de bestimming: "beschermd dorpsgezicht" (beskerme doarpsgesicht). Yn it bestimmingsplan waarden foarskriften jûn om foar te kommmen dat it historyske gesicht oantaast waard. Troch dit bestimmingsplan, en omdat yn Jelsum gjin wenningbou dien waard mei omdat it op de oanfleanrûte fan de militêre fleanbasis fan Ljouwert lei, hie Jelsum syn autentike doarpsgesicht behâlde kinnen.
Sjoch ek
Keppelings om utens
Boarnen, noaten en referinsjes
Wikiwand in your browser!
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.