From Wikipedia, the free encyclopedia
Grinslân (Grinslânsk: Grunnen of Grönnen; Nederlânsk: Groningen) is in provinsje fan Nederlân, en bestiet as sadanich sûnt 1814. It hat 601.510 ynwenners (1 jannewaris 2024, boarne: CBS), en in oerflak fan 2.955 km².
Grinslân | ||
folksliet: Grönnens Laid | ||
polityk | ||
lân | Nederlân | |
status | provinsje | |
oprjochting | 1814 | |
offisjele taal | Nederlânsk | |
haadstêd | Grins | |
tal gemeenten | 10 | |
kommissaris fan de kening | René Paas (CDA) | |
geografy | ||
geograf. koördinaten | 53°15' NB 6°45' EL | |
oerflak | 2.955,18 km² (2015) | |
• dêrfan lân | 2.315,86 km² | |
• dêrfan wetter | 639,32 km² | |
rang provinsjes | 8e fan 12 | |
demografy | ||
ynwennertal | 601.5101 | |
teldatum | 1 jannewaris 2024 | |
rang provinsjes | 9e fan 12 | |
befolkingstichtens | 257 / km² | |
grutste plak | Grins | |
religy (2015) | 68,4% ateïsten en agnosten 18,7% protestanten 4,9% roomsk-katoliken 1,3% moslims 6,7% oaren | |
oar | ||
NUTS | NL11 | |
ISO 3166-2 | NL-GR | |
tiidsône | MET (UTC+1) | |
simmertiid | MEST (UTC+2) | |
offisjele webside | ||
www.provinciegroningen.nl | ||
1) boarne: CBS-StatLine |
Grinslân wurdt wol Stêd en Ommelannen neamd. De stêd is dan Grins, de Ommelannen it plattelân dêrom hinne. Fan oarsprong wie de stêd Saksysk en it plattelân Frysk, de gebieten hienen faak spul mei elkoar. De trije histoaryske Ommelanner ketieren binne Hunsingo, Fivelingo en it Westerkertier. De Ommelannen en it Aldamt wienen oant de 15e iuw foar it meastepart Frysk, de stêd, Goarjocht en Westerwâlde wienen Saksysk. No wurdt hast oeral yn de Ommelannen Nedersaksyske dialekten sprutsen. Allinne de doarpen Mearum, De Wylp, Koerherne en De Grinzer Pein yn it Westerkertier binne foar it grutste part noch altyd Frysktalich.
Grinslân is nei Drinte, Fryslân en Seelân de tinst befolke provinsje fan Nederlân, mei 246 ynwenners de kante kilometer.
Grinslân grinzet yn it westen oan Fryslân, yn it noarden oan de Waadsee, yn it easten oan Dútslân en yn it suden oan de provinsje Drinte. De Waadeilannen Rottumereach, Rottumerplaat en de Suderdúntsjes hearre by de provinsje Grinslân. De eilannen binne allegearre ûnbewenne.
Grinslân is ien fan de lytsere provinsjes fan Nederlân. It noardeasten fan Grinslân wurdt karakterisearre troch greidlân (terpelân) mei grutte pleatsen. Yn it súdeasten lizze de Grinzer Feankoloanjes, fan oarsprong in grut heechfeangebiet. De spoaren fan de feanwinning binne dêr noch goed te sjen oan it kanalestelsel. Yn it súdwesten fan de provinsje leit in útrinner fan de Hûnsrêch. Wichtige kanalen yn Grinslân binne ûnder oaren it Reitdjip, it Iemskanaal en it Stedskanaal.
Grinslân hat goed 7.500 hektare natuergebiet. Dat is net allegearre tagonklik foar publyk. It grutste en nei alle gedachten ek bekendste natuergebiet fan Grinslân is de Lauwersmar. In soad natuergebieten binne ûntstien troch de bou fan seediken.
Grinslân bestiet sûnt 2021 út 10 gemeenten.
Nr. | Namme | Lânoerflak (km2) | Ynwenners (1 jannewaris 2024) |
Befolkingstichtens inw./km² | Haadplak |
---|---|---|---|---|---|
1 | Aldamt Oldambt |
234,46 | 39.433 | 172 | Wynskoat |
2 | Feandam Veendam |
76,24 | 27.535 | Feandam | |
3 | Grins (haadstêd) Groningen |
180,21 | 243.366 | 1282 | Grins |
4 | Iemsdelta Eemsdelta |
268,30 | 45.070 | 169 | Appingedam, Delfsyl, Loppersum |
5 | It Hegelân Het Hogeland |
485,72 | 48.231 | 100 | Winsum, Uithuizen |
6 | Midden-Grinslân Midden-Groningen |
314 | 61.437 | 120 | Hegesân |
7 | Pekela | 50,20 | 12.538 | 253 | Alde Pekela |
8 | Stedskanaal Stadskanaal |
117,85 | 31.968 | 273 | Stedskanaal |
9 | Westerkertier Westerkwartier |
345,28 | 64.806 | 179 | De Like |
10 | Westerwâlde Westerwolde |
280,63 | 26.410 | 96 | Sellingen |
Grinslân hat lykas Fryslân in myld seeklimaat CfB neffens de Klimaatklassifikaasje fan Köppen.
Moanne | Jan | Feb | Maa | Apr | Maa | Jun | Jul | Aug | Sep | Okt | Nov | Des | Yn 't jier |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Maks. trochsneed temp. °C | 4,7 | 5,6 | 9,2 | 13,9 | 17,3 | 20,0 | 22,7 | 22,7 | 18,8 | 13,6 | 8,5 | 4,7 | 13,5 |
Min. trochsneed temp. °C | -0,2 | -0,2 | 1,4 | 3,5 | 6,9 | 9,4 | 12,1 | 12,1 | 9,9 | 6,3 | 6,0 | 2,4 | 5,4 |
Reinfal yn mm | 74,2 | 51,4 | 64,3 | 42,1 | 58,0 | 71,2 | 79,4 | 70,9 | 78,3 | 74,0 | 75,0 | 73,4 | 812,1 |
Boarne: KNMY, trochsneedtemperatueren waarstasjon Nieuw-Beerta (1981-2010)[1]
De skiednis fan de provinsje Grinslân is foar in grut part de skiednis fan it proses dêr't de stêd Grins yn de rin fan jierren hieltyd mear macht by krige oer de Ommelannen. Dêrfoar leit lykwols noch in tiidrek wêryn it grutste part fan de provinsje ien hiel foarme mei it oanswettende Westerlauwersk Fryslân en East-Fryslân. It wie in gebiet mei in lânskip dat noch it measte wei hie fan de hjoeddeiske Waadsee. By ebbe foel it drûch, by floed stie it foar in grut part ûnder wetter. Yn dat kwelderlân wie permaninte bewenning allinnich mooglik op wierden.
Lykwols wiisd de oanwêzigens fan in hunebed by Noardlaren derop dat de bewenningsskiednis weromgiet oant de stientiid. De fynst fan in hunebed by Delfsyl is in oanwizing dat dy bewenning him net allinnich beheinde oant it grinsgebiet mei Drinte. Neffens guons is de oanwêzigens fan dat hunebed in bewiis foar de teory dat de hunebedbouwers fan see ôf it lân yn lutsen.
De âldst bekende fermelding fan de stêd Grins datearret út 1040. De stêd wie op dat stuit yn besit fan de biskop fan Utert. Oannommen wurdt dat de stêd fan oarsprong in Drintsk doarp wie. De stêd waard ek troch Friezen bewenne en hie ynearsten wat konkurrinsje fan Appingedam, mar neidat de stêd deryn slagge wie om it steapelrjocht te krijen wie de dominante posysje befêstige. De ynfloed fan de stêd wreide him stadich út en berikte de toppunt fan macht op de ein fan de 15e iuw, doe't syn ynfloed oant fier yn Westerlauwersk Fryslân rikte.
Tsjerklik sjoen foel de stêd Grins ûnder it aartsbisdom Utert, wylst de Ommelannen en it Aldamt ûnder it bisdom Múnster foelen en Westerwâlde ûnder it bisdom Osnabrück. Yn 1559, justjes foar de Reformaasje, kaam it gebiet mei útsûndering fan Westerwâlde ta it bisdom Grins.
Nei ferrin fan tiid naam de hiele provinsje de taal oer dy't yn de stêd praten waard, mar holde wol in oantal Fryske wurden en siswizen. Yn guon dielen fan de provinsje, benammen it Aldamt en Westerwolde wie de stêd ek formeel de baas. Yn de tiid fan de Republyk wie de gongbere oantsjutting foar Grins Stêd en Lân. Dy folchoarder wie gjin tafal.
De hearskippij oer grutte parten fan de provinsje einige yn bestjoerlike sin nei de Frânske tiid. Doe waard de tsjintwurdige provinsje ynsteld wêryn de bysûndere posysje fan de stêd ôfskaft waard. De stêd bleau lykwols wol de eigener fan grutte dielen fan it Aldambt, Westerwâlde en de Feankoloanjes. Oan dy situaasje kaam pas in ein yn de njoggentiger jierren fan de 20e iuw.
De flagge waard fêststeld yn 1950. De flagge ferwiist nei stêd en Ommelannen. De reade en blauwe hoekflakken ferwize nei de kleuren fan de Ommelannen, it sintrale griene krús ferwiist nei de stêd en de hannelsrelaasje dy't de Stêd yn de midsiuwen mei de Skandinavyske lannen hie. Ta tsjinstelling mei it Skandinavyske model, stiet it krús lykwols by de Grinslânske flagge yn it midden. Dat lit de sintrale posysje fan de stêd Grins hjoed-de-dei en yn it ferline sjen.
It wapenskyld fan Grinslân is offisjeel fêststeld by Keninklik Beslút op 30 desimber 1947. It wapenskyld komt lykwols al út de sechtjinde iuw. It kaam ta stân doe't de stêd en de Ommelannen, na de Reduksje fan Grins yn 1594 yn ien gewest ferien waarden. It provinsjewapen is dan ek in kombinaasje fan it stedswapen en it wapenskyld fan de Ommelannen.
Yn it earste en fjirde kertier stiet it wapen fan de stêd. Dêr wurde de gebieten mei symbolisearre dy't fuortendaliks ûnder it bestjoer fan de stêd foelen (Goarjocht, beide Aldamten, Reiderlân en Westerwâlde.
Yn it twadde en tredde kertier stiet it wapen fan de Ommelannen. Dat bestiet út in sulveren skyld mei trije blauwe balken en alve reade herten. De trije balken steane foar de trije Ommelannen, Hunzegoa, Fivelgoa en Westerkertier. (sjoch Lyts-Fryslân en de skiednis fan de Fryske flagge).
It wapen wurdt dutsen troch in gouden kroan fan fiif blêden en fjouwer pearels. It wurdt oan wjerskanten fêstholden troch in gouden liuw.
|
|
De tsien grutste plakken fan Grinslân
Plak | Ynwenners (2022) |
---|---|
Grins (sûnder Heechtsjerk) | 191.735 |
Hegesân | 21.956 |
Feandam | 21.590 |
Stedskanaal | 18.909 |
Haren | 18.120 |
Wynskoat | 17.932 |
Delfsyl | 15.310 |
Heechtsjerk | 12.220 |
De Like | 11.893 |
Appingedam | 11.218 |
Boarne: CBS Statline
Oarspronklik wie it grutste part fan Grinslân Frysktalich. Allinnich yn de stêd Grins en dêr fuortendaliks omhinne, en yn Westerwâlde waard yn it ferline in Nedersaksysk dialekt sprutsen. Nei alle gedachten troch de ynfloed fan de Hânze late dat ta it ûntfryskjen en hawwe de ynwenners it Frysk ferfongen troch it Grinslânsk.
It Grinslânsk hat yn de groep Nedersaksyske dialekten dúdlik in eigen plak. Oannommen wurdt dat dat foar in grut part komt troch de ynfloed dy't it Frysk op it foarmjen fan it Grinslânsk hie. It dialekt dy't it meast oan t Grinslânsk besibbe is, wurdt net yn Nederlân sprutsen mar fuortendaliks oer de grins yn East-Fryslân dêr't in ferlykjend proses geande wie dêr't it Frysk troch it Nedersaksysk, dêre it Eastfrysk, ferfongen waard. Der is lykwols noch in lyts part fan Grinslân, yn it súdlike Westerkertier, dat Frysktalich is. Nei alle gedachten wie dat it gefolch fan lettere immigraasje út Westerlauwersk Fryslân wei, om't yn de Ommelannen Easterlauwersk Frysk sprutsen waard.
It kultureel erfguod fan Grinslân wurdt benammen foarme troch de âlde doarpstsjerken en troch de boargen en stinzen, lykas de Fraeylemaboarch yn Slochteren. Bylâns de Dútske grins lizze de fêstingdoarpen Bourtange, Bad Nijeskâns en Aldeskâns. De stêd Grins hat, nettsjinsteande de grutte skea dy't it oan de ein fan de Twadde Wrâldkriich oprûn, in soad monuminten, lykas de Martinytoer (d'Olle Grieze) en Martinytsjerke dy't it byldmerk foar Stêd en Ommelannen is. Yn it Grinslânsk Museum binne allegear histoaryske foarwerpen út allegear parten fan Grinslân te sjen. De hingjende kokens yn Appingedam binne ek wiidferneamd.
Grinslân hat in eigen feestdei, Grinslâns Untset, fierd op 28 augustus.
Grinslân hat in heech persintaazje net-tsjerkliken (1999: 59% boarne CBS), benammen yn de stêd en it easten fan de provinsje, dêr't it persintaazje earder al oer de 60% wie. Neffens in resint ûndersyk fan it WWR is it tal net-kristliken fierder omheech gien. Yn 2005 wie mar 1 op de 4 Grinslanners oansletten by in tsjerke. Dêrmei is Grinslân nei Flevolân de meast net-tsjerklike provinsje fan Nederlân. Ein 2005 wie likernôch 20% fan de befolking protestantsk en justjes minder as 5% katolyk. Krapoan 3% is moslim. De grutste moslim-mienskippen binne yn Appingedam, Delfsyl, Hegesân en Feandam.
Nei de Reformaasje waard yn Grinslân de Nederlânske Herfoarme Tsjerke it grutste tsjerkegenoatskip, wylst der hjir en dêr lytse groepen katoliken oer de provinsje hinne ferspraat bleaune, benammen yn de stêd mar ek yn enklaven lykas Kloosterburen en Warfhuzen yn It Hegelân. Yn Ulrum ûntstie ynd e iere njoggentjinde iuw ien fan de foarrinners fan de Grifformearde Tsjerke. Benammen It Hegelân is foar in grut part grifformeard, wylst it Westerkertier in nustje grifformeard-frijmakke hat.
Yn de krite Feankoloanjes is it mear mingd. De ferskate koloanjes lutsen guon fan deselde tsjerke oan, dêr't de bygelyks katolike doarpen lykas Zandberg en Kopstukken troch ûntstien. It doarp Lula is in minnistedoarp.
De stêd waard yn 1956 it sit fan it bisdom Grins, hjoed-de-dei it bisdom Grins-Ljouwert, dy't de noardlike provinsjes en de Noardeastpolder omfiemet. Wynskoat en de stêd hiene oant de Twadde Wrâldkriich in reedlik grutte Joadske mienskip.
De provinsje Grinslân wurdt bestjoerd út it provinsjehûs yn Grins wei. René Paas (CDA) is sûnt 18 april 2016 de Kommissaris fan de Kening. Hy folge Max van den Berg (PfdA) op dy't sûnt 2007 dy funksje ferfolle.
It kolleezje van Deputearre Steaten bestiet fan 2023 ôf út in koälysje fan de partijen BBB, PvdA, KristenUny en Groninger Belang.
Foar it tiidrek 2019-2023 bestie de koälysje út de partijen GL, PvdA, VVD, KristenUny, CDA en D66.
Foar it tiidrek 2015-2019 bestie de koälysje út de partijen SP, CDA, D66, KristenUny en GL.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.