De Grifformearde tsjerke oan 'e Bjirkewei 86 is de eardere Grifformearde tsjerke fan Twizelerheide, dy't no oansletten is by de PKN.
Grifformearde tsjerke | ||
Lokaasje | ||
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Achtkarspelen | |
plak | Twizelerheide | |
adres | Bjirkewei 86 | |
koördinaten | 53° 14' N 6° 2' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | PKN | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1911 | |
Webside | ||
PKN-gemeente De Banier | ||
Kaart | ||
Untstean gemeente
Yn 1877 waard Hein Klazes Zijlstra troch de Herfoarme gemeente oansteld as evangelist op it heidedoarp. Deselde evangelist lei yn 1878 de earste stien foar in Herfoarme tsjerke oan de Smitswei. Stadichoan krige Zijlstra lykwols mear wjerstân tsjin de frijsinnigens yn 'e Nederlânsk Herfoarme Tsjerke en sa waard er yn 1884 de grûnlizzer fan 'e Frije Grifformearde gemeente. Zijlstra krige lang net al it tsjerkefolk mei en moast de tsjerke opjaan. Doe't de doleânsje him oantsjinne socht Zijlstra's gemeente oansluting by de Nederdútsk Grifformearde Tsjerke, dy't letter mei de tsjerke fan de ôfskieding fusearre ta de Grifformearde Tsjerken yn Nederlân.[1]
Bou tsjerke
De earste stienlizzing fan 'e grifformearde tsjerke yn Twizelerheide fûn yn 1911 plak troch dûmny Hein Klazes Zijlstra. Yn 2007 waard de tsjerke restaurearre.[2]
Oargel
It oargel waard yn 1923 troch Van Dam boud. Yn 1983 fûn der foar it earst in restauraasje plak troch Hendriksen & Reitsma út Nunspeet. It ynstrumint waard doe útwreide mei in frij pedaal. Ek waard der mei gebrûk fan âlde ûnderdielen in nije oargelkas boud mei genôch romte foar in letter oan te bringen ûnderposityf. Mei de restauraasje fan 2002 ûnder advys fan de Grinzer organist Piet Wiersma waard der troch deselde oargelmakkerij in feroaring yn 'e disposysje oanbrocht en de útwreiding mei in ûnderposityf yn 'e Van Dam-styl útfierd.[3]
Boarnen, noaten en referinsjes
Wikiwand in your browser!
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.