Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
Gonny Gaakeer (Ljouwert, 28 maaie 1971) is in Nederlânsk aktrise.
Gonny Gaakeer | ||
akteur | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Gonny Yke Aukje Gooitsche Romkje Emmanuëla Eugénie Pieternella Geertruida Jacoba Johanna Ellen Yvonne Sjoerdina Gaakeer. | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 28 maaie 1971 | |
berteplak | Ljouwert | |
jierren aktyf | 1996-no | |
offisjele webside | ||
Hiemside |
As iennich bern fan twa skieden âlden gie se nei in bernedeiferbliuw en legere skoalle yn it sintrum fan Ljouwert. Sy krige op de Ljouwerter Sint Anthonyskoalle de rol fan prinses Stella. Har mem wie in Siuw en har heit in Fries. By har beppe yn Langsweagen learde hja Frysk, al wie dat mei in aksint út de Wâlden. Se krige letter ek boeken oarikt fan har goede freon Michaël Zeeman en lies poezij fan Douwe Tamminga, Albertina Soepboer en Tsjêbbe Hettinga. Sadwaande kaam se ek yn Fryske films.
Se folge de balletoplieding fan Tessa Wijdeveld. Letter ferhuze se mei har mem nei Frjentsjer. Nei de hafû yn Frjentsjer siet se in jier op de dûnsakademy yn Arnhim dêr't se in oplieding ta dûnsdosint folge. Dêrnei folge in ienjierrige oplieding ta Teater Foarmingsklasse yn Amsterdam. Yn 1992 begjint se oan de Toanielakademy yn Maastricht (1992-1996).
Yn har lêste jier makke se har debút op it wite doek yn de film De Zeemeerman. Ellen ten Damme hie rekkene op dy rol, mar produsint Rob Houwer keas foar Gaakeer.
Gaakeer spilet geregeldwei yn toanielfoarstellings. By Tryater spile se bygelyks yn Trije Susters, Drie Zusters fan Tsjechov. Yn 2009 en 2010 spile se yn Zeeuwse Vrouwen fan Productiehuis Zeelandia dêr't se de rol fan lânarbeidster Marie út 1914 spile. Se bewurke it boek fan Kees Slager ta dit teäterstik. Foar 2012 skreau se mei Julia de Graaff in nij konsept foar in toanielstik.
Foar de folsleine filmografy sjoch IMDB-profyl Gonny Gaakeer
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.