From Wikipedia, the free encyclopedia
Michaël Zeeman (Marken, 12 septimber 1958 - Rotterdam, 27 july 2009), wie in Nederlânsk dichter, skriuwer en literatuerresinsint. Fan 1995 ôf wie er ek presintator fan it VPRO-tillefyzjeprogramma "Zeeman met boeken".
Zeeman wie in soan fan in grifformearde dûmny op it eilân Marken. De hûshâlding ferhuze nei Fryslân doe't heit Zeeman predikant waard yn Burdaard. Letter waard er dûmny yn Ljussens. Zeeman gie doe nei de Christelijke Scholengemeenschap "Oostergo" yn Dokkum, dêrt er op it Atheneum siet. Dêrnei studearre er inkelde jierren filosofy yn Utert en yn Grins. Mei 15 jier hie er al in baantsje (1974) by boekhannel 'De Tille' yn Ljouwert. Yn de tachtiger jierren skreau er poezijresinsjes foar de Ljouwerter Krante en letter ek foar NRC Handelsblad.
Zeeman krige yn 1991 de C. Buddingh-priis foar it bêste poëzijdebút foar de bondel Beeldenstorm.
Michaël Zeeman stoar yn de âldens fan mar 50 jier oan harsenstumor.[1] Hy waard beïerdige op it Algemien Begraafplak Crooswijk yn Rotterdam.
By it opromjen fan syn appartemint yn Rome die bliken dat er sa'n 40.000 boeken samle hie: dy bibleteek waard yn 2010 feild yn Leien.
Fierders gedichten en ferhalen yn Hollands Maandblad en Optima.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.