From Wikipedia, the free encyclopedia
Goalera is in ynfeksjesykte dy’t feroarsake wurdt troch de baktearje Vibrio cholerae. It wichtichste skaaimerk fan de sykte is koarts, slimme diarree en útdrûging. De ynkubaasjetiid fan de sykte kin útienrinne fan seis oeren oant twa dagen.
Tink derom dat de Wikipedy gjin medyske konsultaasje jout! |
De sykte wurdt oerbrocht fia it drinken fan besmet wetter, troch it iten fan rauwe fisk dy’t yn besmet wetter swommen hat of troch griente dat yn sok wetter wosken is. Fierders kin kontakt mei spui of ûntlesting fan de pasjint de sykte ek oerbringe. Binnen 30 minuten fermearderet de baktearje him yn it minsklik lichem. At it ymmúnsysteem dat net oankin wurdt de bemette persoan siik. De ynkubaasjetiid fan de baktearje kin útienrinne fan seis oeren oant twa dagen.
Yn 85 prosint fan de gefallen jout de sykte gjin symptomen. Is dat wol sa dan kin de sykte hurd taslaan yn in tige koart skoft tiid. De earste ferskynsels binne mislikheid, spuije, pyntliif en slimme wetterige diarree. Yn in koart skoft tiid, sa as 24 oeren, kin de pasjint dan folslein útdrûchje en yn shock bedarje mei orgaanfunksjesteuringen. Sûnder behanneling laat dit ta de dea. De measte (deadlike) slachtoffers falle ûnder de âlderein en lytse poppen. Dy groepen binne it meast kwetsber omdat harren ymmúnsysteem noch net genôch ûntwikkele is of minder goed funksjonearret.
At der fluch en adekwaat hannele wurdt is de kâns op ferstjerren om de 1% hinne. De behanneling begjint mei it tatsjinjen fan focht en elektroliten om útdrûchjen foar te kommen. Dat kin bygelyks troch it jaan fan ORS troch de mûle of fia in yntraveneus ynfús at de pasjint te siik is om te drinken. Tagelyk wurdt in antibiotikum jûn.
De Vibrio cholerae baktearje komt út Yndia en soe nei de epidemy fan 1817 troch kolonialen nei Europa brocht wêze. Yn 1831 briek de sykte yn Europa út. Ek Nederlân waard swier rekke, foar it earst yn 1833; doe stoaren der 5.000 minsken oan de goalera.[1]
Troch de yndustrialisaasje ûntstiene yn de grutte stêden arbeiderswiken dy’t slim oerbefolke rekken. Dat ferskynsel waard dit earst yn Ingelân sjoen dêr’t de widze fan de yndustrialisaasje stie. Besteande wetterstreamen, beerputten en de pear rioelen dy’t der wiene, koene it tanimmende oanbod fan smoargens net oan: letterlik alle smoargens fan partikulieren en bedriuwen bedarre yn rivieren en sleaten. Benammen by waarm waar wie de stank net te hurdzjen. Faak wie men op itselde wetter oanwiisd om fan te drinken. Wetterlieding wie seldsum. Ut reden fan it folsleine gebrek oan hygiëne koe de goalera sa wyld om him hinne slaan. Sûnt de 'Swarte Dea' (pest) yn de Midsiuwen wiene de minsken net mear sa benaud foar in sykte west as foar de goalera.[2]
Yn 1854 lei de Britske arts/wittenskipper John Snow foar it earst it ferbân tusken de sykte en besmet wetter. Snow ûntdekte dat de goalera-epidemy fan 1854 yn Londen ûnder oaren feroarsake waard troch besmet wetter út in wetterpomp op Broadstreet; minsken dy’t harren wetter dêr hellen rekken faker besmet as op oare plakken. Snow liet statistysk dúdlik sjen dat de minsken yn Londen mei in eigen put of mei wetterlieding net of minder siik waarden. Spitigernôch waard der net nei him harke doe't er syn ûndersyksresultaten yn it pamflet On the Mode of Communication of Cholera publyk makke. Doetiids waard algemien tocht dat stank, smoarge lucht (miasmen), de oarsaak fan sykten wie en gelearden wienen der noch net oan ta om dy teory te fersmiten. Robert Koch, doe noch in ûnbekende hûsdokter, fûn as earste de vibrio cholerae-baktearje.
Earst yn de lêste desenniums fan de 19e iuw waarden wiidweidige rioelstelsels oanlein. Yn Londen wie dat it wurk fan Joseph Bazalgette. Doe wie it dien mei de goalera-epidemyen.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.