From Wikipedia, the free encyclopedia
De Gloster Gladiator is in yn de jierren tritich ûntwikkele Britske dûbeldekker mei in sletten cockpit. It wie de lêste dûbelfleugelige jager fan de RAF en it wie by yntroduksje yn 1937 al ferâldere. Iendekkers as de Hawker Hurricane, de Spitfire en de Messerschmitt Bf 109 prestearren doe al better. De Gladiator koe in faasje fan 414 km/o helje en wie bewapene mei twa Vickers en twa Lewis masinegewearen. De Gloster Aircraft Company levere yn totaal 747 eksimplaren, foar it grutste part oan de RAF, mar ek oan lannen as Finlân, België, Noarwegen en Sina. De Portugeeske loftstriidkrêften wiene yn 1953 de lêsten dy't ôfskied namen fan dit datearre gefjochtsfleantúch.
Gloster Gladiator | |
---|---|
Rol | Jachtfleantúch |
Makker | Gloster Aircraft Company, Ltd. |
Untwerper | Henry Phillip Folland |
Earste flecht | 12 septimber 1934 |
Yn tsjinst | 23 febrewaris 1937 |
Ut tsjinst | 1953 (Portugal) |
Tal makke | 747 |
Grutste brûkers | Royal Air Force, Fleet Air Arm |
Untwikkele út | Gloster Gauntlet |
Omdat de fleanmasine net opwoeksen wie tsjin syn moderne tsjinhingers, waard it yn de Twadde Wrâldoarloch] benammen yn 'e perifery ynset. Sa wie it aardich suksesfol by it bestriden fan de ek achterhelle Italiaanske dûbeldekkers. Sa waard it tastel bygelyks yn septimber 1940 boppe Malta ynset tsjin Italiaanske Fiat CR.42's.[1] Dêrby waarden nei alle gedachten twa CR.42's troch Gladiators delsketten.[2] Pat Pattle, in piloat mei in namme as in Hollywood-stjer, wist bygelyks yn syn Gloster fyftjin Italianen út de loft te heljen. Der wienen ek loftgefjochten fan Finske Gladiators mei Polikarpov I-15 en Polikarpow I-153 twadekkers yn de Sovjet-Finske Winteroarloch yn 1940.[3]
Fanwegen de relatyf lege faasje wie it tastel fierders aardich gaadlik foar ynset fan fleandekskippen ôf. Gebrûk op see hie boppedat as foardiel dat der minder kâns wie dat it fleantúch konfrontearre waard mei rappe Dútske jachttastellen.
Kenngröße | SS.37 | Gladiator I (Mk.I) | Gladiator II (Mk.II)[4] |
---|---|---|---|
Bemanning | 1 | ||
Langte | 8,36 m | ||
Spanwiidte | 9,83 m | ||
Fleugeloerflak | 30,20 m² | ||
Oandriuwing | ien stjermotor Bristol Mercury fan 645 hk | ien stjermotor Bristol Mercury IX fan 830 hk | ien stjermotor Bristol Mercury VIIIA of VIIIAS fan 830 hk |
Heechste faasje | 378 km/o op 3050 m | 405 km/o op 4420 m | 414 km/o op 4450 m |
Fleanberik | 660 km | 714 km | |
Tsjinsthichte | 8235 m | 10.000 m | |
Klimfaasje nei 3000 m | 5,25 min | 4,75 min | 4,5 min |
Gewicht leech | 1390 kg | 1460 kg | 1562 kg |
Bewapening | fjouwer 7,7-mm-MG, twa bommen fan 45 kg |
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Gloster Gladiator fan Wikimedia Commons. |
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.