Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
Johann Christoph Friedrich (sûnt 1802 von) Schiller (Marbach am Neckar, 10 novimber 1759 - Weimar, 9 maaie 1805) wie in Dútsk toanielskriuwer, filosoof en dichter. Hy jildt as ien fan de grutte literatoaren yn de Dútske skiednis.
Schiller's wurk wie yn it earstoan frijwat revolúsjonêr. Dat betsjutte doetiids: stribje nei frijheid en gelikens, it ôfwizen fan ûnrjochtfeardigens en fan nei eigen goedachtsjen hannelje. Letter waard er mylder. Schiller is ûnder oaren bekend fan it gedicht An die Freude (1785) dat troch syn tiidgenoat Beethoven foar in part ferwurke waard yn it ein fan syn Njoggende Symfony.
Yn Weimar, dêr't Schiller lange tiid wenne, wurdt er eare mei in stânbyld. Neist him stiet stêd- en tiidgenoat Johann Wolfgang von Goethe.
Friedrich Schiller hâlde yn Weimar ta oant syn dea troch tuberkuloaze; hy wie doe 45 jier.
Yn 1889 waard Schillers erfenis eigendom fan de gruthartogin fan Saksen-Weimar-Eisenach, Sophie dy't it Goethe-Schiller-Archiv oprjochte.
In ferneamde útspraak fan Schiller oangeande it wurk fan de filosoof Immanuel Kant oer de Noumenale frijheid is: "Je kinne omdat je moatte".
Op 22 febrewaris 1790 boaske Schiller oan Charlotte von Lengefeld (1766–1826). Der waarden twa soannen (Karl Friedrich Ludwig en Ernst Friedrich Wilhelm) en twa dochters (Karoline Luise Henriette en Luise Henriette Emilie) berne tusken 1793 en 1804. De lêst libjende neikommeling fan Schiller wie in pakesizzer fan Emilie, Baron Alexander von Gleichen-Rußwurm, dy't yn Baden-Baden stoar yn 1947.
Schiller waard foar syn fertsjinsten adele yn 1802 troch de hartoch fan Weimar. Syn namme waard doe feroare fan Johann Christoph Friedrich Schiller yn Johann Christoph Friedrich von Schiller. De earste biografy fan Schiller waard troch syn skoansuster Caroline von Wolzogen skreaun yn 1830.
De kiste mei Schiller's bonkerak stiet yn it Weimarer Fürstengruft[1], it begraafplak fan de Hûzen fan Gruthartoggen (großherzoglichen Hauses) fan Saksen-Weimar-Eisenach op it histoarysk tsjerkhôf fan Weimar.[2] Op 3 maaie 2008 fernijden wittenskippers dat út DNA-testen bliken die dat de plasse yn it grêf net fan Schiller wie.[3] De oare dielen fan it geramte wienen ek fan oaren, ûnbekenden. Dy skedel en it deamasker fan Schiller[4] en ek portretten fan Schiller lieten frijwat oerienkomster oan de bûtenkant sjen, dat saakkundigen ornearren dat de skedel wol fan Schiller wêze soe. Al yn de 19e iuw wie der striderij oer de 'echtheid' fan it skelet dat tûzenen besikers yn it jier luts. Goethe hat de plasse fan syn freon sjoen[5] en der in "Ode oan Schillers plasse" [6] oan wijd dat postúm publisearre waard[7].
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.