Filmfestival fan Las Vegas

From Wikipedia, the free encyclopedia

It Filmfestival fan Las Vegas (Ingelsk: Las Vegas Film Festival), ôfkoarte ta LVFF, is in filmfestival dat elts jier yn april en/of maaie holden wurdt yn 'e Amerikaanske stêd Las Vegas, yn 'e steat Nevada. It evenemint rjochtet him op ûnôfhinklike films. Der wurde sawol lange as koarte films, en sawol Ingelsktalige as ûndertitele of neisyngronisearre oars-talige films draaid. Njonken de filmfertoanings sels omfettet it Filmfestival fan Las Vegas ek moetings en fraach- en antwurdsesjes fan it publyk mei de filmmakkers en de cast fan 'e fertoande films. Der wurde in stikmannich prizen útrikt, wêrfoar't de winners útornearre wurde troch in faksjuery.

Fluch de feiten
Filmfestival fan Las Vegas
Las Vegas Film Festival
plak en tiid
lân Feriene Steaten
steat Nevada
county Clark County
plak Las Vegas
tiid fan it jierapril / maaie
bysûnderheden
ôfkoartingLVFF
soarte evenemintfilmfestival
sjenreûnôfhinklike films
bestean2007 – no
offisjele webside
www.lvff.com
Slute

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Wikiwand - on

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.