From Wikipedia, the free encyclopedia
It Jeropeesk Parlemint is it iennichste orgaan fan de Jeropeeske Uny dat direkt keazen wurdt. De ferkiezings foar it parlemint wurde om de fiif jier hâlden.
Fan 10 oant en mei 13 septimber 1952 hold de foarrinder fan de Jeropeeske Uny, de Jeropeeske Mienskip foar Koalen en Stiel, foar de earste kear in parlemintêre gearkomste. Dy gearkomste bestie út 78 nasjonale fertsjintwurdigers, dy't út de ûnderskate nasjonale parleminten keazen wienen.
Yn 1957 waard mei it Ferdrach fan Rome de Jeropeeske Ekonomyske Mienskip en de Euratom oprjochte. De parlemintêre gearkomste fan de Jeropeeske Mienskip foar Koalen en Stiel fertsjinwurdige tenei alle trije Jeropeeske Mienskippen en it tal sitten gong nei 142. De parlemintêre gearkomste krige gjin nije taken, mar neamde himsels al wol Jeropeesk Parlemint (yn 1986 waard dy namme pas erkend troch de lidsteaten).
Yn juny 1979 wurde foar it earst direkte ferkiezings foar it Jeropeesk Parlemint holden. Troch de ferdraggen fan ûnder oaren Maastricht (1992) en Amsterdam hat it Jeropeesk Parlemint mear foech krigen. It Jeropeesk Parlemint krige stadichoan hieltyd mear oerienkomsten mei parleminten fan nasjonale steaten.
Der binne trije haadsaken dêr't it Parlemint him mei dwaande hâldt; wetjouwing, finansiën en tafersjoch op de Jeropeeske Kommisje.
It Europeesk Parlemint hat 705 sitten.
De sitferdieling fan it parlemint nei de Europeeske ferkiezings fan 2019:
Namme | Ingelske ôfkoarting | Tal sitten | Ideology |
Europeeske folkspartij | EPP | 177 |
|
Progressive Alliânsje fan Liberalen en Demokraten | S&D | 145 |
|
Alliânsje fan Liberalen en Demokraten foar Europa | Renew (ALDE) | 102 |
|
De Grienen-Europeeske Frije Alliânsje | Greens-EFA | 72 |
|
Europa fan Frijheid en Demokrasy | ID (EFD) | 65 |
|
Erropeeske Konservativen en Reformisten | ECR | 64 |
|
Europeesk Unytêr Lofts/Noardsk Grien Lofts | GUE/NGL | 39 |
|
Sûnder fraksje | NI | 41 | |
Vacant | |||
Mei-inoar | 705 | ||
De sitferdieling sûnt 1 febrewaris 2020:
It Jeropeesk Parlemint komt ien kear yn 'e moanne yn Straasburch byinoar foar in fjouwerdeiske plenêre gearkomste. Ekstra plenêre gearkomsten wurde yn Brussel hâlden. Dêr fine ek alle gearkomsten plak, fan de fêste parlemintêre kommisjes, dêr't plenêre stimmings tarieden wurde. It Siktariaat-generaal sit yn Lúksemboarch.
Net eltsenien is bliid mei dizze ferskillende haadstêden fan Jeropa. One Seat wol bygelyks alle funksjes yn Brussel ha.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.