From Wikipedia, the free encyclopedia
De echte bearen (wittenskiplike namme: Ursus) foarmje in skaai fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora), it ûnderskift fan 'e hûndieren (Caniformia), it tuskenskift fan 'e poalrôfdieren (Arctoidea), de boppefamylje fan 'e beardieren of beareftigen (Ursoidea), de famylje fan 'e bearen (Ursidae) en de lyknammige ûnderfamylje fan 'e echte bearen (Ursinae). Ta dit skaai hearre 4 libbene soarten bearen, dy't foarkomme yn Jeraazje en Noard-Amearika, mei dêropta in hantsjefol útstoarne soarten. De libbene soarten binne de brune bear (Ursus arctos), de Amerikaanske swarte bear (Ursus americanus), de Aziatyske swarte bear of kraachbear (Ursus thibetanus) en de iisbear (Ursus maritimus). Fan 'e útstoarne soarten is de reuseftige mar fegetaryske hoalebear (Ursus spelaeus) it bekendst, dy't oant de lêste iistiid yn Jeropa foarkaam.
Echte bearen | ||
In brune bear (Ursus arctos). | ||
Taksonomy | ||
ryk: | dieren (Animalia) | |
stamme: | rêchstringdieren (Chordata) | |
ûnderstamme: | wringedieren (Vertebrata) | |
klasse: | sûchdieren (Mammalia) | |
skift: | rôfdieren (Carnivora) | |
ûnderskift: | hûndieren (Caniformia) | |
tuskenskift: | poalrôfdieren (Arctoidea) | |
boppefamylje: | beardieren (Ursoidea) | |
famylje: | bearen (Ursidae) | |
ûnderfamylje: | echte bearen (Ursinae) | |
skaai: | echte bearen (Ursus) | |
Linnaeus, 1758 | ||
By guon taksonomyske yndielings wurde alle libbene soarten fan 'e echte bearen ûnderbrocht yn aparte ûnderskaaien. Dêrby giet it om Ursus foar de brune bear; Euarctos foar de Amerikaanske swarte bear; Selenarctos foar de Aziatyske swarte bear; en Thalassarctos foar de iisbear. Dy yndieling is lykwols net gongber. Fan 'e fjouwer oare libbene bearesoarten binne de lippebear (Melursus ursinus) en de hunichbear (Helarctos malayanus) nei alle gedachten it naust besibbe oan 'e echte bearen. De oare beide soarten, de brilbear (Tremarctos ursinus) en de reuzepanda (Ailuropoda melanoleuca) binne folle minder nau mei de echte bearen besibbe.
(ûndersoarten binne yn lytsere letters werjûn)
|
Fierders bestiet der ek in seldsume, mar natuerlik foarkommende krusing tusken de grizzlybear (in ûndersoarte fan 'e brune bear) en de iisbear. Yn it Ingelsk wurdt nei sokke krusingen ferwiisd mei de nammen pizzly, prizzly en grolar bear, dat gearlûkings binne fan grizzly bear en polar bear ("iisbear"). De offisjele namme fan sokke krusingen is grizzly-iisbearkrusing.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.