Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
Eagle Butte (útspr.: ['iːɡəl ˈbju:t], likernôch: "ii-gul bjûût"; Arikara: Neetahkaswaá’u’; Lakota: Waŋbli Paȟd; útspr.: [wãbli paχd], likernôch: "ûang-bli pacht") is in stêd dy't op 'e grins leit fan 'e countys Dewey en Ziebach, yn it noardwesten fan 'e Amerikaanske steat Súd-Dakota. Hoewol't it noch it haadplak Dewey County, noch fan Ziebach County is (dat binne Timber Lake, resp. Dupree), is it wol it haadplak fan it Cheyenne River Yndianereservaat (Cheyenne River Indian Reservation), fan 'e Cheyenne River Sû Stamme (Cheyenne River Sioux Tribe). Eagle Butte (de Ingelske namme betsjut "earneklif") hie neffens in offisjele skatting út 2012 doe krapoan 1.400 ynwenners.
Eagle Butte | ||
Bestjoer | ||
Lân | Feriene Steaten | |
Steat | Súd-Dakota | |
County | Dewey County Ziebach County | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 1.352 (2012) | |
Oerflak | 3,0 km² (ynkl. wetter) 3,0 km² (allinnich lân) | |
Befolkingsticht. | 434,9 / km² | |
Hichte | 737 m | |
Oar | ||
Stifting | 1868 (?) | |
Tiidsône | UTC -7 | |
Simmertiid | UTC -6 | |
Koördinaten | 44°59′47″N 101°14′09″W | |
Kaart | ||
De lizzing fan Eagle Butte yn Dewey County en yn 'e steat Súd-Dakota. |
Yn 1868, doe't as gefolch fan it twadde Ferdrach fan Fort Laramie, tusken de Lakota en de Amerikanen, it Grutte Sû Reservaat stifte waard, fêstige it Buro fan Yndiaanske Saken (BIA) syn agintskip foar fjouwer substammen fan 'e Lakota (de Minnikonzjû, Sâns Arks, Swartfuotten en Twatsjettels) te Eagle Butte. Yn 1889 waard it Grutte Sû Reservaat de helte lytser makke, wylst it restant opdield waard yn fiif lytsere reservaten. Ien fan dy fiif wie it Cheyenne River Yndianereservaat.
Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 wie doe fan 'e befolking fan Eagle Butte 4,9% âlder as 65 jier en 41,3% jonger as 18 jier. Fierders bestie 27,3% fan 'e húshâldings út ien persoan. Neffens âldere sifers, út 2000, libbe doe 47,9% fan 'e befolking ûnder de earmoedegrins (foar it befolkingssegmint fan ûnder de 18 jier sels 58,9%). Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2010 sa: 89,2% Yndianen; 4,3% Latino's; 2,5% blanken; 0,3% swarten; 0,2% Aziaten; 3,5% oaren of fan mingd etnysk komôf.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.