From Wikipedia, the free encyclopedia
De Twatsjettels (Ingelsk: Two Kettles, útspr.: [tu: 'kɛɾəls]; Lakota: O’óhenuŋpa, útspr.: [o'ʔo:henũpa]) binne ien fan 'e sân substammen fan 'e Lakota of Titon (Teton). Yn 'e mande mei de Dakota foarmje de Lakota de gruttere etnyske groep fan 'e Sû, in Yndiaanske konfederaasje dy't fan likernôch 1730 oant 1880 oardel iuw lang it noardlike part fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika behearske. De Sû binne ferneamd wurden om 'e oarloggen dy't se yn 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw mei it Amerikaanske leger útfochten, en dêr wiene de Twatsjettels ek by belutsen.
De Ingelske namme foar de Twatsjettels, Two Kettles (wat "Twa Tsjettels" betsjut) is in rûge oersetting fan harren eigen namme foar harsels, O’óhenuŋpa, wat "Dy't Twaris Siede" betsjut. Mei de Minnikonzjû en de Sâns Arks, twa oare substammen fan 'e Lakota, binne de Twatsjettels it naust besibbe, en mei-inoar wurde dy trije substammen wol de Sintrale Lakota neamd.
De Twatsjettels foarmje ien fan 'e jongste Lakota-stammen; se hearden oarspronklik ta de Minnikonzjû, en makken har dêr pas om 1840 hinne fan los. De earste kear dat de Twatsjettels neamd waarden yn dokuminten dy't opsteld wiene troch blanken, wie yn 1843, doe't se likernôch 800 minsken telden. Se wiene op te dielen yn twa haadtroepen, de Wiere Twatsjettels en de Ma Waȟóta ("Dy't de Hûd Besmarre mei Witige Ierde").
Hjoed de dei libje de Twatsjettels frijwol allegearre yn 'e Feriene Steaten. Hoefolle fan harren oft der persiis binne, is dreech te sizzen, mei't se sûnt de ein fan 'e njoggentjinde iuw nea mear apart teld binne fan 'e oare Lakota. Mei trije oare Lakota-substammen, de Minnikonzjû, Sâns Arks en Swartfuotten (net te betiizjen mei it bekendere Algonkwynske folk fan 'e Swartfuotten), foarmje de Twatsjettels de federaal erkende Cheyenne River Sû Stamme (Cheyenne River Sioux Tribe), mei 16.000 leden. De stamme hat in eigen reservaat yn 'e foarm fan it Cheyenne River Yndianereservaat (Cheyenne River Indian Reservation) yn 'e steat Súd-Dakota, dêr't in grut part fan 'e Twatsjettels tsjintwurdich noch altiten libbet.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.