From Wikipedia, the free encyclopedia
In dweilorkest of dweilband is in muzykkapel besteande út blazers en slachwurkers. De muzyk dy't spile wurdt is almeast karnavalesk, mar yn el tsgefal feestlik. Ek wurdt der troch it úttinjen fan de lanlike karnavalhits, hieltiten mear bekende wrâldhits spile. Yn Nederlân wurde ek ferskate festivals foar en troch dweilorkesten hâlden (saneamde dweildagen of dweilbandfestivals wêrfan't de Bemmelse Dweildei yn Bemmel (Gelderlân) de grutste is.
It wurd 'dweil' yn dweilorkesten komt fan de term 'dweilje', yn de sin fan 'doelleas, as wol dronken, op strjitte omswalkje'. Yn Brabân, en yn mindere mjitte Limburch, is (of faker, wie) it wizânsje om by karnaval fan kafee nei kafee te 'dweiljen'. Dat barde ûnder begelieding fan lytse karnavalskapellen dy't foar de muzyk soargen. Sa ûntstienen al gau de termen 'dweilband' en 'dweilorkest'.
In ferkearde ferklearring fan de namme 'dweilorkest' is dat dy te krijen hawwe soene op de dweilskoften by it reedriden, wêryn't de iisbaan troch in dweilmasine fersoarge wurdt, en wêryn't faak in muzykkapel it publyk fermakket. Dat is in typysk foarbyld fan folksetymology; dy ferkearde útlis is benammen algemien yn it noarden fan Nederlân, dêr't de karnavalstradysjes minder bekend binne.
De oarsprong fan it dweilorkest is nau ferbûn oan dy fan harmonyen en fanfaren. Faak bestienen de dweilbandsjes út leden fan soksoarte pleatslike muzykferiening, en waard allinnich optreden mei karnaval. Ek hjoed-de-dei binne noch in soad leden fan dweilorkesten lid fan soksoarte muzykensemble. Mar mei de eardere gewoante om allinnich mei karnaval op te treden waard yn it midden de jierren santich faak brutsen, en yn Fryslân, dêr't karnaval tradisjoneel net fierd wurdt, binne der "dweilorkesten" dy't by it karnavalsfeest net optrede.
In dweilorkest hat, oars as bygelyks in fanfare, brassband of harmony-orkest, gjin foarskreaune (ideale) besetting. Guon ynstruminten, lykas trompetten, slachreau en tromboanes wurde yn hast alle orkesten brûkt, wylst dwersfluiten en hoarns, op in inkeld orkest nei, net of komselden foarkomme. Dy lêsten wurde nammers oer it algemien net as echte dweilynstruminten sjoen. Oare gauris sjoene ynstruminten binne de bariton, soesafoan, saksofoan ( alt of tenor) en klarinet.
De Nederlandse Plezierkapellen Site hie yn july 2007 in totaal fan 1517 dweilorkesten, wat in trochsneed fan 126 dweilorkesten de provinsje jout. Noard-Brabân hat fierwei de measte orkesten, 814, op gruttee ôfstân folge troch Limburch, mei 236 bands. De provinsje mei de minste dweilorkesten is Flevolân, mei ien inkeld orkest.
Provinsje | Fryslân | Grinslân | Drinte | Oerisel | Gelderlân | Noard-Hollân | Súd-Hollân | Flevolân | Utert | Noard-Brabân | Limburch | Seelân |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 643.000 | 574.000 | 482.000 | 1.106.000 | 1.967.000 | 2.587.000 | 3.452.000 | 360.000 | 1.162.000 | 2.407.000 | 1.139.000 | 379.000 |
Dweilorkesten | 13 | 10 | 94 | 96 | 127 | 45 | 96 | 1 | 39 | 814 | 236 | 33 |
% Dweilorkesten | 0,9% | 0,7% | 6,2% | 6,3% | 8,4% | 2,9% | 6,3% | <0,1% | 2,6% | 53,7% | 15,6% | 2,2% |
Oantal dweilorkesten de 100.000 ynwenners | 2,0 | 1,7 | 19,5 | 8,7 | 6,5 | 1,7 | 2,8 | 0,3 | 3,4 | 33,8 | 20,7 | 8,7 |
Ut in rige polls/ûndersiken fan de Nederlandse Plezierkapellen Site nei it byld fan bepaalde ynstrumintgroepen yn dweilorkesten kaam ûnder mear it folgjende nei foaren:
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.