From Wikipedia, the free encyclopedia
Lytsewierrum is in terpdoarp yn it suden fan de gemeente Súdwest-Fryslân. Oant en mei 1955 wie it doarp Rien in buorskip fan Lytsewierrum. Under Lytsewierrum falt ek de buorskip Greate Wierrum. Lytsewierrum hat in beskerme doarpsgesicht.
Lytsewierrum | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Fryslân | |
Gemeente | Súdwest Fryslân | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 60 (2022) [1] | |
Oerflak | 3,37 km² lân: 3,35 km² wetter: 0,02 km² | |
Befolkingsticht. | 18 ynw./km² | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 53° 05' N 5° 39' E | |
Offisjele webside | ||
De4doarpen.nl | ||
Kaart | ||
It doarp untstie op in terp op it eastlike ein fan it gebiet fan Easterein, dat in skoft in eilân wie. It doarp ûnstie op en om dy terp, mar de terp sels is net mear te sjen.
Mooglik wiist de namme nei it feit dat it ien fan de lytse terpen om Easterein hinne wie. It diel 'Lutke' tsjut op lyts. Der wurdt ek wol ornearre dat Lytsewierrum him mei de namme ûnderskiedt fan Greate Wierrum. Lytsewierrum waard lykwols earder neamt as Greate Wierrum: yn 1381 foar it earst as Liticawerum. Oare nammen fan Lytsewierrum wiene 'Lytthya Werum' (1427), 'Luttikewerum' (1482), 'Lutke Werum' (1496), 'Luttekewerum' (1505), 'Kleijne Wierum' (1511), 'Luttelwierum' (16e iuw). Greate Wierrum waard foar it earst yn 1529 neamd.
Oant de gemeentlike weryndieling yn 1984, makke Lytsewierrum diel út fan de gemeente Hinnaarderadiel. Dêrnei kaam it yn 1984 by de nij foarme gemeente Littenseradiel. Nei in gemeentlike weryndieling kaam it doarp yn 2018 by de gemeente Súdwest-Fryslân.
Lytsewierrum hat is in goed bewarre let-goatyske tsjerke. Hoewol't de toer oarspronklik fan âldere datum (1557) is as det tsjerke, is dy troch lettere fernijingen dochs minder autentyk. Op de sealtektoer stiet in "Sint-Maarten" op in hynder, alhoewol't de tsjerke wijd is oan de hillige Gertrudis en net oan Sint-Maarten. Oan it troch tsjerke en tsjerkhôf foarme rûne sintrum lizze in pear hiemen op in dúdlike ôfstân fan it sirkelfoarmige tsjerkepaad.
Eastlik fan de tsjerke stiet de eklektyske pastorij út 1880.
Likernôch in kilometer súdlik fan it doarp oan de Legedyk stiet yn de buorskip Greate Wierum in yn 1921 boude Amerikaanske wynmotor. De Herkulesmûne is in ryksmonumint.
Hinnaard, Itens, Rien en Lytsewierrum foarmje tegearre de fjouwer doarpen (De 4 Doarpen). Hja hawwe in mienskiplike doarpsbelang, in mienskiplike doarpskrante en ek de ferienings binne mienskiplik. It doarpshûs stiet yn Itens en hjit 'De Lytse Fjouwere'.
Jier | 1954* | 1959 | 1964 | 1969 | 1974 | 2004 | 2009 | 2022 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 325* | 113 | 109 | 96 | 88 | 60 | 71 | 60 |
* ynklusyf Rien
Buorren, De Heide, Greate Wierum, Hegedyk, Ivigeleane, Molmawei, Nijlânsdyk, Slachtedyk, Tsjerkeleane.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.