From Wikipedia, the free encyclopedia
Dirkshorn is in doarp yn de gemeente Skagen yn de Nederlânske provinsje Noard-Hollân yn de krite West-Fryslân. Under it doarp falle de buorskippen Bliekenbos, De Banne, Schagerwaard en Woudmeer. It doarp wurket op mêd fan ferienings en foarsjennings in soad gear mei de tichteby lizzende lytsere doarpen Groenveld en Stroet.
Dirkshorn | ||
Riedshûs en tsjerke fan Dirkshorn | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Noard-Hollân | |
Gemeente | Skagen | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 1.695 (1 jannewaris 2023) [1] | |
Oar | ||
Ferkearsieren | N245 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 52° 45' N, 4° 47' E | |
Offisjele webside | ||
http://www.dirkshornbruist.nl/ | ||
Kaart | ||
Kaart | ||
Himrik fan Dirkshorn yn de eardere gemeente Harenkarspel |
Dirkshorn hat 1.695 ynwenners (1 jannewaris 2023).
Dirkshorn ûntstie as in lytse wenmienskip. It doarp wie part fan in gebiet dat letter de nammen Harenkarspel krige. De plaknamme betsjut "útstekkende hoeke (horn, ferlykje it Fryske herne) fan in Dirk (Durk/Dierick). Dy Dirk soe mooglik greve Durk I (939-988) wêze kinne. Dy greve krige ferskate lânguod dy't yn it besit fan de Westfryske greve Gerulf, tegearre mei de tsjerke fan Egmond, yn besit wiene. Aldere staverings fan de namme binne Dirxhoin (1325) Dierickshorn (1573), Dirckshorn (1620), Dircks hoorn (1665). It plakje woeks út ta in wier doarp nei't Harenkarspel in hearlikheid waard, dêr't Dirkshorn part fan wie. Dêr stiene ek fjouwer stinzen mei stiennen ûndermuorren. Tusken Kerkbuurt en Dirkshorn stiet hjoed-de-dei noch in pleats dy't sa neamd wurdt (1675 bij den Oosterdijck genaamt "Debbel acker" groot 12 sneesen belent de Oosterdijck ten oosten, “de Stintser weijd” ten zuyden ende Pieter Claasz. Soutman ten noorden).
Om Dirkshorn hinne wiene eartiids in soad lytse marren. De measte fan dy marren waarden letter drûchlein. Sa waard de Skagerwaard yn 1621 drûchlein, De Voorpolder en Koetenmeer yn 1631 en Woudmeer yn 1635. De earste grifformearde tsjerke stie oan 'e eastein fan it doarp op it plak dêr't hjoed-de-dei it âlde riedhûs fan 1870 stiet. De tsjerke wie fan 1659, mei in klok fan 1608, mar baarnde yn 1868 ôf. De twadde tsjerke, hjoed-de-dei benefter it âlde riedhûs is fan 1868. It oargel komt ek fan dy tiid. In preekstoel út 1660 komt noch út 'e earste tsjerke. De tekstbuorden út 1663 binne fan skoalmaster en fynskilder Gerrit Sydwindt fan Warmenhuizen. De predikant wenne earst yn Kerkbuurt, mar letter yn Dirkshorn. De Nij Ofskate Herfoarme tsjerke oan 'e westein fan it doarp komt fan 1920. De katoliken fan Dirkshorn rûnen oer in fuotpaad (Postepad (postpaad) troch lânguod nei Kerkbuurt, dêr't harren tsjerke stie. Op de grins tuske Dirkshorn en Stroet stie in poldermûne. Ek binne der noch in tal âlde pleatsen. Op it bedriuweterrein fan Dirkshorn binne in ambachtlike kofjestokerij en in galery fêstige.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.