Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Dakota Tipi Earste Naasje (Ingelsk: Dakota Tipi First Nation; Dakota: Dakhóta Thípi Oyáte, útspr.: [da'kʰo:ta 'tʰi:pi o'ja:te], letterlik: "it Dakotafolk dat yn tinten tahâldt") is in Yndiaanske stamme-organisaasje yn Kanada, mei in eigen reservaat yn it suden fan 'e provinsje Manitoba. ("Earste naasje" is in Kanadeeske oantsjutting foar in Yndianestam of -troep.) De Dakota Tipi Earste Naasje waard oprjochte yn 1972, en hie neffens gegegevens út 2012 368 leden. It haadkertier is fêstige yn Portage la Prairie, yn Manitoba. De leden fan 'e stamme besteane út etnyske Sû (Sioux), te witten Eastlike Dakota, fan 'e Wahpeton-stamme.
Dakota Tipi Earste Naasje | ||
Ingelsk | Dakota Tipi First Nation | |
lânseigen | Dakhóta Thípi Oyáte | |
flagge | ||
algemiene ynformaasje | ||
lân | Kanada | |
provinsje | Manitoba | |
haadkertier | Portage la Prairie (Manitoba) | |
etnisiteit | Eastlike Dakota | |
ledetal | 370 (2012) | |
oprjochting | 1972 | |
status | erkend | |
erkenning | Kanada | |
reservaat | ||
reservaat | Dakota Tipi Reservaat 1 | |
lokaasje | súdlik Manitoba | |
oerflak | 1,5 km² | |
ynwennertal | 180 (2012) | |
offisjele webside | ||
www.dakotatipi.ca | ||
kaart | ||
Lokaasje yn Manitoba.
|
De Dakota Tipi Earste Naasje hat in eigen reservaat, dat goed 4 km súdwestlik fan Portage la Prairie leit. It Dakota Tipi Reservaat 1 (Dakota Tipi 1 Reserve) bestie oarspronklik út twa dielen, Parish Lot (letterlik: "Parochyperseel") 25 en 24, mar yn 1985 wist de stamme dêr Parish Lot 16, 17 en 18 oan ta te foegjen, sadat de totale grutte fan it reservaat no justjes mear as 1,5 km² is. It wurdt alhiel omsletten troch de plattelânsgemeente Portage la Prairie.
Fan 'e 370 leden fan 'e stamme wennen der yn 2012 183 yn it reservaat. Dakota Tipi beskikt û.m. oer in eigen pjutteboartersplak, skoalle, klinyk, sportskoalle en bingohal. Foar wetshanthavening en brânbestriding hat de stamme in oerienkomst mei de RCMP, resp. de brânwacht yn Portage la Prairie.
De Dakota Tipi Earste Naasje is ien fan acht lytse Sû-stammen yn súdlik Manitoba en Saskatchewan, dy't dêr oan 'e ein fan 'e Dakota-Oarloch fan 1862 fêstige binne troch almeast Eastlike Dakota, nei harren flecht út 'e Amerikaanske steat Minnesota wei. It Kanadeeske regear erkent dizze "earste naasjes" en hat oan harren reservaten tawiisd, mar hâldt út dat se eins Amerikaanske flechtlingen binne, dy't inkeld yn Kanada tahâlde om't de Kroan sa freonlik is om dat ta te stean. Neffens dy riddenearring kinne de Sû yn Kanada dus gjin lânrjochten jilde litte. De Sû-stammen, oan 'e oare kant, hawwe lânkaarten en offisjele dokuminten fan foàr de kolonisaasje fan súdlik Manitoba en Saskatchewan, dêr't út blike soe dat dy krite doe wol deeglik ta harren wengebiet hearde. Dit is in juridysk toulûken dat al geande is sûnt de 1870-er jierren en dêr't mei koarten grif ek gjin ein oan komme sil.
It ûntstean fan 'e Dakota Tipi Earste Naasje sels datearret lykwols fan 1972, doe't de Sioux Village-stamme útinoar foel yn twa ôfsûnderlike stamme-organisaasjes: de Dakota Tipi Earste Naasje en de Dakota Plains Wahpeton Naasje.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.