From Wikipedia, the free encyclopedia
De Dakota Plains Wahpeton Naasje (Ingelsk: Dakota Plains Wahpeton Nation; Dakota: Waȟpéthuŋwaŋ Otina Dakhóta Oyáte, letterlik: "it Dakotafolk dat mank de blêden tahâldt") is in Yndiaanske stamme-organisaasje yn Kanada, mei in eigen reservaat yn it suden fan 'e provinsje Manitoba. De stamme stiet ek wol bekend ûnder de alternative namme Dakota Plains Earste Naasje (Dakota Plains First Nation). ("Earste naasje" is in Kanadeeske oantsjutting foar in Yndianestam of -troep.) De Dakota Plains Wahpeton Naasje waard oprjochte yn 1972, en hie neffens gegegevens út 2006 241 leden. It haadkertier is fêstige yn Portage la Prairie, yn Manitoba. De leden fan 'e stamme besteane út etnyske Sû (Sioux), te witten Eastlike Dakota, benammentlik fan 'e Wahpeton-stamme, mei dêropta party fan 'e Sisseton-stamme. Fierders is der in hantsjefol Flakte-Odjibwe.
Dakota Plains Wahpeton Naasje | ||
Ingelsk | Dakota Plains Wahpeton Nation | |
lânseigen | Waȟpéthuŋwaŋ Otina Dakhóta Oyáte | |
flagge | ||
algemiene ynformaasje | ||
lân | Kanada | |
provinsje | Manitoba | |
haadkertier | Portage la Prairie (Manitoba) | |
etnisiteit | Eastlike Dakota, Odjibwe | |
ledetal | 240 (2006) | |
oprjochting | 1972 | |
status | erkend | |
erkenning | Kanada | |
reservaat | ||
reservaat | Dakota Plains Yndianeres. 6A | |
lokaasje | súdlik Manitoba | |
oerflak | 5,3 km² | |
ynwennertal | 150 (2006) | |
kaart | ||
Lokaasje yn Manitoba.
|
De Dakota Plains Wahpeton Naasje hat in eigen reservaat, dat 20 km westlik fan Portage la Prairie leit. It Dakota Plains Yndianereservaat 6A (Dakota Plains Indian Reserve 6A) is 5,3 km² grut, en grinzget oan it gruttere reservaat fan 'e Long Plain Earste Naasje, in Flakte-Odjibwe-stamme, en teffens oan 'e plattelânsgemeenten Portage la Prairie en South Norfolk.
Fan 'e 240 leden fan 'e stamme wennen der yn 2006 146 yn it reservaat. De wichtichste delsetting fan 'e Dakota Plains Wahpeton Naasje is sitewearre op 49°49′01″ noarderbreedte by 98°31′03″ westerlingte. Dakota Plains beskikt û.m. oer in eigen pjutteboartersplak en beukerskoalle, de Maȟpíya Hdéǧa-skoalle. Dakota Plains hearde foarhinne, mar no net mear, ta de Dakota-Odjibwe Stammeried (Dakota Ojibway Tribal Council), in gearwurkingsferbân fan Dakota- en Odjibwe-stammen yn súdlik Manitoba.
De Dakota Plains Wahpeton Naasje is ien fan acht lytse Sû-stammen yn súdlik Manitoba en Saskatchewan, dy't dêr oan 'e ein fan 'e Dakota-Oarloch fan 1862 fêstige binne troch almeast Eastlike Dakota, nei harren flecht út 'e Amerikaanske steat Minnesota wei. It Kanadeeske regear erkent dizze "earste naasjes" en hat oan harren reservaten tawiisd, mar hâldt út dat se eins Amerikaanske flechtlingen binne, dy't inkeld yn Kanada tahâlde om't de Kroan sa freonlik is om dat ta te stean. Neffens dy riddenearring kinne de Sû yn Kanada dus gjin lânrjochten jilde litte. De Sû-stammen, oan 'e oare kant, hawwe lânkaarten en offisjele dokuminten fan foàr de kolonisaasje fan súdlik Manitoba en Saskatchewan, dêr't út blike soe dat dy krite doe wol deeglik ta harren wengebiet hearde. Dit is in juridysk toulûken dat al geande is sûnt de 1870-er jierren en dêr't mei koarten grif ek gjin ein oan komme sil.
It ûntstean fan 'e Dakota Plains Wahpeton Naasje sels datearret lykwols fan 1972, doe't de Sioux Village-stamme útinoar foel yn twa ôfsûnderlike stamme-organisaasjes: de Dakota Plains Wahpeton Naasje en de Dakota Tipi Earste Naasje.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.