From Wikipedia, the free encyclopedia
De Curtiss C-46 Commando is in transportfleantúch dat ôflaat waard fan de Curtiss CW-20, in ferkearstastel mei drukkabine ornearre foar it fleanen op grutte hichte. Yn 't earstoan waard it tastel wol oantsjut mei de namme 'Condor III', mar ier yn 1942 brocht it bedriuw it tastel yn de publisiteit mei de namme Commando.[1] It tastel waard yn de Twadde Wrâldoarloch foar militêr transport brûkt troch de United States Army Air Forces en ek de F.S. marine/Marinekorps, dy't de oantsjutting R5C brûkten. De C-46 hie in likense rol as syn tsjinhinger fan Douglas, de C-47 Skytrain, mar der waarden lang safolle net fan boud. De C-46 tsjinne oan de fronten yn de Stille Oseaan en yn Jeropa.
Curtiss C-46 Commando | |
---|---|
Rol | Transportfleanmasine, Passazjiersfleantúch |
Makker | Curtiss-Wright |
Earste flecht | 26 maart 1940 |
Yn tsjinst | 1941 |
Ut tsjinst | Beheind kommersjeel gebrûk |
Tal makke | 3.181 (1940-1945) |
Grutste brûkers | United States Army Air Forces, United States Air Force, United States Marine Corps, United States Navy |
Farianten | |
Nei de oarloch waarden in lyts tal oerstallige C-46's koart skoft brûkt yn har' oarspronklike rol fan passazjiersfleantúch, mar koe de konkurrinsje mei de bulte oerstallige C-47s op de merk net oan, dat de C-46 waard rillegau alinne noch as frachtfleantúch brûkt. It type bleau yn in reserverol by de Amerikaanske Loftmacht yn tsjinst oant 1968.
De robúste C-46 bleau tsjinjen as frachtfleantúch oant yn de 21e iuw nei ôfhandige plakken, lykas it noardpoalgebiet (Alaska, it noarden fan Kanada en it reinwâld fan Kolombia en Bolivia.[2]
Gegevens | C-46R Commando |
---|---|
Type | Passazjiers-/Frachtfleantúch foar middellange ôfstân |
Oandriuwing | twa R-2800-34 Double Wasp 18-sylinder-Dûbelestjermotors |
Propeller | Trijeblêds Hamilton, Constant Speed |
Fermogen | 2 x 2.130 hk |
Topfaasje | 435 km/o op 3.048 m hichte; |
Tsjintsplafond | 6.706 m |
Fleanberik | 2.897 km |
Gewicht leech | 13.290 kg |
Maks. startgewicht | 22.680 kg |
Fleugelspanwiidte | 32,92 m |
Langte | 23,27 m |
Hichte | 6,63 m |
Fleugeloerflak | 126,16 m² |
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Curtiss C-46 Commando fan Wikimedia Commons. |
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.