From Wikipedia, the free encyclopedia
In cocktail is in miksdrankje dat alkohol befettet. De measte cocktails binne kombinaasjes fan ferskillende soarten sterke drank of fan ien of mear soarten sterke drank oanlinge mei oare yngrediïnten, lykas in wetter, fruchtesop, in siroop, sûker of in suvelprodukt (molke, rjemme, slachrjemme, iis). Tsjintwurdich komme alkoholfrije cocktails ek hieltyd mear yn 'e moade. Foar it eigentlike miksen fan 'e yngrediïnten wurdt faak in cocktailshaker brûkt. Der besteane withoefolle ûnderskate cocktails, dy't boppedat sterk útinoar rinne ôfhinklik fan it part fan 'e wrâld dêr't men jin yn befynt. In protte gidsen en websiden oer dit ûnderwerp publisearje sawol orizjinele resepten as har eigen ynterpretaasjes fan âldere en bekendere cocktails.
De etymology fan it wurd 'cocktail' is ûndúdlik. It komt út it Ingelsk en betsjut letterlik "hoannesturt". Neffens it gesachhawwende Oxford English Dictionary fynt it syn oarsprong yn 'e Feriene Steaten. It ierste dokumintearre gebrûk fan 'e term om nei in alkohoalysk drankje te ferwizen datearret út The Farmers Cabinet út 1803. De earste publikaasje oer it meitsjen fan cocktails wie How to Mix Drinks; or, The Bon-Vivant's Companion, in barkeepersgids fan Jerry Thomas út 1862, wêryn't tsien cocktailresepten optekene wiene. Yn 1917 waard it begyp "cocktailparty" betocht troch in frou Walsh út St. Louis, foar in deftich feest dêr't benammen alkohoalyske miksdrankjes skonken wurde.
Under de Drûchlizzing yn 'e Feriene Steaten (1920-1933), doe't alkohol yllegaal wie en bier en wyn sadwaande folle minder beskikber wiene, waarden der mear cocktails dronken troch lju dy't dochs drinke woene. (Sterke drank wie doe makliker oan te kommen, want it waard mear smokkele en yllegaal stookt om't der mear mei te fertsjinjen wie as mei bier en wyn.) Nei it opheffen fan 'e Drûchlizzing bleau de fraach nei cocktails bestean. Oan 'e ein fan 'e 1960-er jierren sakke de populariteit fan sokke drankjes yn, mar yn 'e 2000-er jierren kamen se wer hielendal yn 'e moade, ek by in jonger útgeanspublyk. Troch saneamde 'miksology', de kunde fan it meitsjen fan cocktails, waarden doe tradisjonele cocktails fermongen mei nije yngrediïnten.
Inkele bekende cocktails binne de mojito, de manhattan en de martini. Dy lêste is nei alle gedachten de meast ferneamde troch filmheld James Bond, dy't altyd in martini drinkt, "shaken, not stirred" ("skodde, net omret").
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.