From Wikipedia, the free encyclopedia
Baton Rouge (Frânsk: Bâton-Rouge; Choctaw: Itta Homma; 'reade stôk') is de haadstêd fan de Amerikaanske steat Louisiana. De stêd leit yn de East Baton Rouge Parish en is de twadde stêd nei grutte yn de steat. Baton Rouge waard yn 1849 haadstêd fan de steat Louisiana - dêrfoar wie dat New Orleans.
Baton Rouge | ||
Wetterskant | ||
Bestjoer | ||
Lân | Feriene Steaten | |
Steat | Louisiana | |
Parish | East Baton Rouge Parish | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 229.493 (2010) | |
Oerflak | 204,8 km² | |
Befolkingsticht. | 1153,8 / km² | |
Stêdekloft | Grut Baton Rouge 774.327 | |
Hichte | 14 m | |
Oar | ||
Stifting | 1699 | |
Tiidsône | Central Standard Time (UTC−6) | |
Simmertiid | CDT (UTC-5) | |
Offisjele webside | ||
http://www.brgov.com |
Baton Rouge hat twa universiteiten: de Louisiana State University en de Southern University. De haven fan Baton Rouge oan de Mississippy is noch troch seekippen te berikken. De lêste 400km fan de rivier wurdt op in djipte fan 13,7 meter holden.
De earste Europeanen, dy't yn 1699 it gebiet dêr't no Baton Rouge leit ferkenden wienen Frânsen. De ekspedyske fan 200 Frânksk-Kanadezen waard laat troch Pierre Le Moyne d’Iberville. Sy seagen dêr in reade peal optuge mei bluodrige bisteliken dy't de grins fan de jachtgebieten fan de Houma- Bayou Goulastammen oanjoegen. Sy neamden it plak fan dy peal "le bâton rouge", 'de reade stôk'. De lânseigen befolking neamde dat plak "Istrouma". Ut archeologyske fynsten oan de rivieren de Mississippy, Comite en Amite, en op trije plakken yn de stêd, docht bliken dat de kontreien om Baton Rouge teminsten fan 8000 f.Kr. ôf bewenne binne.
Nei it Ferdrach fan Parys yn 1763 kaam it gebiet oan de Ingelsken, de delsetting hjitte doe New Richmond. Yn 1783 kaam it gebiet nei't de Britten ferslein wiene yn de Amerikaanske Unôfhinklikheidskriich oan Spanje. Nei in opstân fan de befolking tsjin de Spanjerts, waard yn 1810 de ûnôfhinklikens fan de Republyk Westfloarida útroppen; 1817 waard dat gebiet lykwols troch Louisiana anneksearre.
Earste helte 19e iuw groeide de stêd stadichoan fierder troch hannel en steamboatferkear op de Mississippy. By it útbrekken fan de Amerikaanske Boargeroarloch hie de stêd 5500 ynwenners. Yn 1849 waard Baton Rouge de haadstêd fan Louisiana. Arsjitekt James Dakin ûntwurp it Old Louisiana State Capitol as in soarte fan midsiuwske boarch yn neogoatyske styl, mei útsjoch op de Mississippy. Yn de Suksesjekriich gie de stêd yn 1862 sûnder stjit of slach oer yn hannen fan de Noardliken. It regear siet doe yn Opelousas en letter yn Shreveport. Nei de ein fan de kriich, ûnder de Restauraasje (Reconstruction 1865-1877), waard New Orleans de sit fan it regear, mar yn 1882 waard Baton Rouge foar fêst haadstêd fan Louisiana.
Yn de 50er en 60er jierren fan de 20e iuw kaam de petrogemyskeyndustry earst goed op. De stêd wreide hin út bûten it oarspronklike sintrum. Nei ± 2000 giene oerheid en sakewrâld stadichoan werom nei de âlde stêd. Yn de 90er jierren waard der in soad byboud en ferbettere de libbenskwaliteit bot ûnder Multi-Millionen-Dollar-Projekten. Nei 2005 gie it ynwennertal fan de stêd bot omheech troch de ynstream fan slachtoffers fan de orkaan Katrina út de New Orleans metropolitan area.
Fan de befolking is 11,4 % âlder as 65 jier en bestiet 31,7 % út ienpersoanshúshâldings. De wurkleazens berint 4,9 % (sifers folkstelling 2000).
Likernôch 1,7 % fan de befolking fan Baton Rouge bestiet út hispanics en latino's, 50 % is fan Afrikaanske oarsprong en 2,6 % fan Aziatyske oarsprong.
It ynwennertal gie omheech fan 222.342 yn 1990 nei 229.493 yn 2010.
Jannewaris hat in trochsneed temperatuer fan 9,9 °C, yn july is dat 27,9 °C. Der falt trochstrings 1546,6 mm delslach (feiten op basis fan de mjitperioade 1961-1990).
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Baton Rouge, Louisiana fan Wikimedia Commons. |
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.