Ynskedee
From Wikipedia, the free encyclopedia
Ynskedee[3][4] (Nederlânsk en offisjeel: Enschede; Nedersaksysk: Eanske) is in stêd en gemeente yn it easten fan de Nederlânske provinsje Oerisel yn de krite Twinte. De stêd foarmet in stêdekloft mei it oer de grins yn Dútslân lizzende Gronau. Ynskedee krige yn 1325 stedsrjochten, dat sjoen wurde kin as it begjin fan it gemeentlik bestjoer. Ynskedee is ferneamd om syn fuotbalklup FC Twente, de Universiteit Twinte en de bierbrouwerij Grolsch.
Fluch de feiten
Ynskedee Enschede Eanske | ||
Binnenstêd Ynskedee (2013) | ||
Polityk | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Oerisel | |
Gemeente | Ynskedee | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 161.741 (2017) [1][2] | |
Oar | ||
Ferkearsieren | Steatsline D A35, N35, N18, N732, N733, RING | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 52° 13' NB, 6° 53' EL | |
Kaart | ||
Slute
- Dizze side giet oer de stêd Ynskedee. Foar de gemeente dy't nei de stêd neamt is, sjoch: Ynskedee (gemeente).