Wilhelm Schmidt (1868 – 1954) wie in Eastenrykske linguïst, antropolooch, en etnolooch.
Wilhelm Schmidt waard berne yn Hörde, Dútslân yn 1868. Hy gong by de Mienskip fan it Godlike Wurd (Societas Verbi Divini) yn 1890 en waard ta katolyk pryster wijd yn 1892. Hy studearre linguistyk oan de universiteit fan Berlyn en Fienna.
Syn iere linguïstyke wurk gong oer de Mon-Khmer-talen fan Súdeast Aazje. Dat ûndersyk brocht him op it idee dat der in brede groep fan Austryske talen bestean moast, dy't ferbûn binne mei de Austronesyske talegroep.
Sûnt 1912, begûn Schmidt mei it publisearjen fan syn 12-dielige Der Ursprung der Gottesidee, 'De oarsprong fan it Godsidee', en ûntwikkele hy syn teory fan it primitive monoteisme, it leauwen dat primitive godstsjinsten ûnder sawat alle stammen begûn mei it essinsjele konsept fan in hege god — meastentiids in himelgod — dy't in goedwillich skepper wie. Neffens Schmidt syn teory makken minsken harren in God dy't de earste oarsaak waard fan alle dingen en hearsker wie fan himel en ierde noch foardat manlju en froulju begûnen mei it ferearjen fan in grut tal goaden.[1]
Yn 1906 rjochte Schmidt it blêd de Anthropos [2] op, en yn 1931 stifte hy it Anthropos Institute, dy't un distiid beide noch hieltyd bestien. Yn 1938, ûnder it Nazy-rezjym flechte Schmidt en it Ynstitút nei Fribourg, Switserlân.
Literatuerferwizings
- Schmidt, Wilhelm "Die Mon-Khmer-Völker, ein Bindeglied zwischen Völkern Zentralasiens und Austronesiens", 'De Mon-Khmer folken, de bân tusken de folken fan Sintraal Aazje en Austronesia'. Archiv für Anthropologie, Braunschweig, New series, 5:59-109, 1906.
- Schmidt, Wilhelm. "Die Beziehungen der austrischen Sprachen zum Japanischen", 'De konneksje fan Austryske talen mei de Japaneeske'. Wien Beitrag zur Kulturgeschichte und Linguistik 1:239-51, 1930.
Fuotnoaten
Wikiwand in your browser!
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.