From Wikipedia, the free encyclopedia
Feandam (Nederlânsk: Veendam, Grinslânsk: Veendaam) is in grut doarp en gemeente yn de provinsje Grinslân. De gemeente hat in oerflak fan 78,7 km², dêr't der 2,6 km² wetter fan is. De gemeente hie op 1 jannewaris 2024 in ynwennertal fan 27.535 (boarne: CBS). Haadplak fan de gemeente is it plak mei deselde namme. It plak leit oan de rykswei N33, de wei tusken Iemshaven en Assen. Yn 2017 hie it plak 21.525 ynwenners[1].
Fan 2010 oant 2021 wie de gemeente mei de buorgemeente Pekela amtlik fusearre. De amtlike organisaasje hiet De Kompanjie. De gemeente krige har hjoeddeiske grinzen yn 1969 doe't it in part fan de eardere gemeente Wildervank krige.
Feandam Veendam | |
---|---|
flagge | wapen |
lokaasje | |
polityk | |
lân | Nederlân |
provinsje | Grinslân |
boargemaster | Berry Link (CDA) |
sifers en geografy | |
haadplak | Feandam |
grutste plak | Feandam |
ynwennertal | 27.535 (1 jannewaris 2024) |
befolkingstichtens | 361 / km² |
oerflak | 78,68 km² |
● wêrfan lân | 76,07 km² |
● wêrfan wetter | 2,61 km² |
tal doarpen | 6 |
ferkearsieren | N33, N366, spoar fan Grins nei Feandam |
skiednis | |
oprjochte | 1808 |
oar | |
netnûmer | 0598 |
postkoade | 9630-9633, 9640-9648 |
tiidsône | UTC +1 |
simmertiid | UTC +2 |
webside | www.veendam.nl |
Yn 1655 waard it karspel (tsjerkedoarp) ûnder Muntendam ôfskaat fan Muntendam en Súdbroek. It nije tsjerkedoarp hiet Feandam en Wildervank. Yn 1687 waard de Grutte Tsjerke boud. Yn 1702 waarden Feandam en Wildervank selsstannige kerspels. Feandam krige it wapen, dy't earder mei de skiednis fan Wildervank te krijen hie as dy fan Feandam. Mei de gemeentlike weryndieling waard de gemeente Wildervank op 1 jannewaris 1969 opheft en waard it ferparte ûnder Feandam en Stedskanaal.
Feandam hie yn it gebiet fan de Grinzer Feankoloanjes altyd in bysûnder plak. De skiednis sette 350 jier lyn út ein mei de feanterij. Feandam hat foar in part de typyske feankoloniale lintbebouwing, útsein yn de omkriten fan it sintrum. Dy bebouwing waard feroarsake troch it rivierke de Munte, wêrtroch't de lykop rinnende Easter- en Westerdjip yn noardlike rjochting fan inoar wike moasten. Sa ûntstie winliken Feandam syn foarke-eftige foarm, dêr't tuskenyn in kom ûntstean koe. Dêrtroch krige Feandam in wier sintrum yn it eardere langhalich lintdoarp. Romte, grien en wetter binne tekenjend foar it sintrum (Parkstêd Feandam). Dat skaaimerk hat de bewenners in soad oanlutsen.
Ut de oarspronklike turffeart ûntstie stadichoan de wichtige kustfeart. It Ingelske Lloyds Register fêstige yn 1868 syn earste kantoaren op it fêstelân yn Amsterdam, Rotterdam en Feandam. De Feandamske seekapitein Hendrik Pieter Hazewinkel wie de krêft efter de oanwêgens fan Lloyds Register yn Nederlân. Hy wie heechoplaat yn bûtelânske hannel en publisearre yn 1870 in lyts boekje mei de namme A short sketch of the English Lloyd’s. Hjoed-de-dei soe men dat beskôgje kinne as in saaklike brosjuere dêr't de skiednis en de tsjinsten yn omskreaun steane.
Njonken de seefeart spile de lânbou yn de njoggentjinde iuw in wichtige rol. Nei de feanterij waard de grûn foar de lânbou brûkt. Ut de lânbou kaam in wichtige agraryske yndustry fuort: de ierdappelmoal- en de derivate-yndustry. De hjoeddeiske koöperaasje Avebe is dêrút fuortkaam en hat syn haadkantoar noch hieltyd yn Feandam. Yn de twadde helte fan de njoggentjinde iuw rekke de skipfeart en de skipbou yn it neigean en waard der oergien op bygelyks de metaalferwurkjende yndustry.
De gemeente Feandam is in yndustriële gemeente, dêr't in wichtich part fan de yndustry ornearre is foar lânbouprodukteferwurkjende bedriuwen. Der binne stikmannige bedriuwen dy't harren ta ynternasjonale grutbedriuwen ûntjûn hawwe. Sa wurde yn Feandam tûzenen konteners yn it jier opslein op ien fan de grutste binnenlânske konteneropslachplakken yn Nederlân. De provinsje Grinslân hat Feandam in regionale funksje foar kantoarfêstigings jûn.
Feandam en Wildervank hawwe troch de feanterij in befolking fan mingd komôf. In part fan de feanters kamen út Fryslân, de Kop fan Oerisel en it grinsgebiet yn Dútslân. Ek wie der in frij grutte Joadske mienskip. Der wie sels in pleatslike ôfdieling fan de Maatschappij tot Nut der Israëlieten (Maatskippij ta Nut fan de Israeliten) yn Nederlân. Yn de tweintichste iuw waard der in Feriening foar Help oan Palestina-pioniers oprjochte en in Joadske kulturele jongereinferiening. Ek namen ferskate Joadske ynwenners fan Feandam-Wylderfank diel oan it iepenbier bestjoer. Nei 1900 naam it tal Joadske ynwenners wer ôf. Yn de Twadde Wrâldkriich wisten inkelden de holokaust te oerlibjen.
Mei it kommen fan gastarbeiders yn de lânbou- en tekstylyndustry ûntstie der in Turkske mienskip yn Feandam. Yn de rin fan de tweintichste iuw woeks it ynwennertal ta in goed 20.000 ynwenners. De skiednis fan Feandam is it ûnderwerp fan it Feankoloniaal Museum, dat yn it sintrum fan it doarp stiet[2].
It doarp Feandam hat de folgjende wiken:
Yn de gemeente Feandam lizze de folgjende plakken en buorskippen:
Doarpen: Bareveld, Borgercompagnie (foar in part), Ommelannerwyk, Tripscompagnie (foar in part), Wildervank
Utuorrens: Kibbelgaarn, Numero Dertien, Wildervanksterdallen
Buorskippen: Boven Veensloot (foar in part), Korte Akkers, Westerdiepsterdallen, Zuidwending
Sûnt 2011 is Feandam it einstasjon fan de nije spoarferbing Grins - Feandam
Oant 2013 wie SC Veendam de profesjonele fuotbalklup fan Feandam. Fierder is der de amateurklup VV Veendam 1894.
De gemeenterie fan Feandam bestiet út 21 sitten.
Partij | 1994 | 1998 | 2002 | 2006 | 2010 | 2014 | 2018 | 2022 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|
GemeenteBelangen Veendam | 2 | 1 | 7 | 5 | 8 | 6 | 7 | 7 |
PvdA | 8 | 10 | 6 | 10 | 6 | 4 | 4 | 5 |
SP | - | - | - | - | - | 4 | 3 | 3 |
VUK | - | - | - | - | 1 | 2 | 2 | 2 |
CDA | 3 | 3 | 2 | 2 | 1 | 2 | 1 | 1 |
VVD | 3 | 4 | 3 | 2 | 2 | 1 | 1 | 1 |
D66 | 3 | 1 | 1 | - | - | 1 | 1 | 1 |
KristenUny | - | 1 | 1 | 1 | 1 | 1 | 1 | 1 |
D66-GrienLinks | - | - | - | 1 | 2 | - | - | - |
P | 2 | - | - | - | - | - | - | - |
GrienLinks | - | - | 1 | - | - | - | 1 | - |
AOV/Uny 55+ | - | 1 | - | - | - | - | - | - |
Totaal | 21 | 21 | 21 | 21 | 21 | 21 | 21 | 21 |
Sûnt 2021 is Berry Link de boargemaster
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.