Vatopedy-kleaster
From Wikipedia, the free encyclopedia
It Vatopedy-kleaster (Gryksk: Βατοπέδι) op de Berch Atos, Grikelân, waard yn de twadde helte fan de 10e iuw boud troch trije muontsen út Adrianopel. Dy trije muontsen mei de nammen Atanasios, Nikolaas en Antonios wiene learlingen fan hillige Atanasios fan Atos.
Vatopedy
Βατοπέδι | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | Grikelân | |
plak | Agio Oros 603 86 | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Kleaster | |
boujier | 10e iuw, 18e en 19e iuw | |
offisjele webside | ||
inathos.gr |
Fan dy tiid ôf waarden ferskillende gebouwen stifte. De measten dêrfan stamme út de Byzantynske tiid en út de 18e en 19e iuw, de bêste tiid fan it kleaster.
Tsjintwurdich wenje der likernôch 50 muontsen yn it kleaster.[1] Troch skinkings yn 1292 fan keizer Andronikos II waard Vatopedy grutgrûnbesitter. Sûnt tsjin it ein fan de 12e iuw mear Slavykse muontsen yn it kleaster gyngen wenjen krige it kleaster ek stipe fan de Bulgaarske tsaren en Servyske kenings. Bekende muontsen fan it kleaster wiene Gergorios Palamas en, foar't it Hilandar-kleaster stifte, waard ek Sava fan Servje. De yn Ruslân tige fereare hillige Maksimus de Gryk die yn it begjin fan de 16e iuw yn it Vatipedy-kleaster syn monastike ûnthjitten.
Alhoewol't it kleaster yn de skiednis plonderingen en oerfallen ûndergyng fan Katalaanske piraten en letter ek Turken, is der nea in ûnderbrekking west yn it monastike libben fan it kleaster.
It kleaster stifte yn 1749 de ferneamde Akademy fan Atos, dy't yn dy drege tiid foar de Grykske in mooglikheid ta ûnderwiis bea.
Yn de hiërargyske oarder fan de Atos-kleasters stiet Vatopedy op it twadde plak. It kleaster heart by de rykste kleasters op it skiereilân.